Gemeente oan ’e slach mei duorsumheidsaginda

septimber 7, 2019 08:23

De ambysjes op it gebiet fan duorsumheid binne heech yn de gemeente Waadhoeke. Der waard al in soad dien, mar der wie noch gjin oerkoepeljend belied. De gemeenteried hat dêrom op 5 septimber in startnotysje duorsumheidsaginda fêststeld. De startnotysje is skreaun troch in wurkgroep fan belutsen riedsleden, wethâlder en amtners. Op tiisdei 1 oktober wurdt der in publykssesje holden oer duorsumheid. Alle belangstellenden binne wolkom.

Foto: Wikimedia Commons/Ieneach fan ’e Esk – lisinsje CC BY-SA 4.0

Duorsumheid breed ûnderwerp
Yn 2040 moat de gemeente enerzjyneutraal wêze. Dat is ien fan de ambysjes út it koälysje-akkoart. Hoe soargje wy derfoar dat Waadhoeke enerzjy brûkt fan duorsume enerzjyboarnen? En hoe sille wy op in duorsume manier ús wenten ferwaarmje? Mar duorsumheid is breder as allinne enerzjy. Want by duorsumheid kinne jo ek tinke oan bioferskaat, duorsum ferfier, ôffal en sirkulariteit. Mar ek de enerzjytransysje foar it bedriuwslibben en de lânbou. En hoe geane wy mei gemeentlike en maatskiplike gebouwen om? De wethâlder, amtners en riedsleden hawwe mei-inoar wurke oan in startnotysje duorsumheidsaginda, dêr’t it ûnderwerp duorsumheid breed yn besjoen wurdt.

Publykssesje duorsumheid
De op 5 septimber fêststelde startnotysje duorsumheidsaginda beskriuwt in ynteraktyf proses om te kommen ta nij duorsumheidsbelied. Mei it wurd ‘aginda’ wol de gemeente sjen litte dat it in konkreet plan is: wêr wolle wy hinne, wannear dogge wy dat en hoe? De gemeente wol graach de ynwenners fan Waadhoeke belûke by it ûnderwerp duorsumheid. Der wurdt dêrom op tiisdei 1 oktober in publykssesje organisearre yn it doarpshûs fan Ried. Op 19 novimber folget in ferdjippingssesje foar belanghawwenden. Op dy gearkomsten is it de bedoeling om ideeën en oplossings by ynwenners en bedriuwslibben op te heljen oer de te farren koerts. Mear ynformaasje oer de gearkomsten folget.

septimber 7, 2019 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.