Henk Wolf: Fryslân wurdt trijetalich
Resint ferskynd

Henk Wolf
Troch Henk Wolf
Yn Fryslân wurde allegear talen, taaltsjes en dialekten praat. Dat is net nij. It Frysk, it Nederlânsk, it Stedsk, Biltsk en Stellingwerfsk meitsje al ieuwenlang diel út fan it Fryske taallânskip. Dútsk en Grinslânsk binne hjir ek al lang te hearren en fansels wenje der yn Fryslân ek al tsientallen jierren heel wat minsken dy’t Amboneesk, Papiamintsk en Turksk prate. En no haw ik noch in protte talen net opneamd dy’t by Fryslân hearre.
Doch is Fryslân op in bepaalde manier net meartalich, mar twatalich. It Frysk en it Nederlânsk binne de iennichste twa talen mei in dúdlike wetlike status. It binne ek de iennichste twa dy’t yn it iepenbier bestjoer brûkt wurde. En belangriker: de iennichste twa dy’t ynwenners op grutte skaal ûnderling brûke, ek as se inoar net kinne en as se út ferskillende parten fan Fryslân komme.
Alteast, dat wie sa. Der is in taal by oan it kommen. Dat is it Ingelsk. Yn Grins haw ik al ferkearsbuorden yn it Ingelsk sjoen. Dêr binne de ynstruksjes op ‘e ôffalkonteners twatalich Nederlânsk-Ingelsk. Op it gemeentehûs kinst op in kompjûter oanjaan oftst holpen wurde wolst yn it Nederlânsk of Ingelsk – Grinslânsk is gjin opsje. En yn Fryslân giet it dy kant stadichoan ek út. Noch net sa lang lyn seach ik oan ‘e Grinzerstrjitwei buorden stean dy’t besikers fan in festival yn it Ingelsk nei it goeie plak ta stjoere moasten.
Juster krige ik op it wurk, op wat earder de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert wie en no NHL Stenden Hogeschool, in mailtsje. It wie heel freonlik, sa net, oft ik net ferjitte woe om myn bibleteekboeken yn te leverjen, want de termyn wie hast ferstrutsen. Doch siet it my yn it krop. It wie nammentlik folslein yn it Ingelsk. Ik protestearre en it antwurd wie dat de taalkar de bûtenlânske studinten it gefoel jaan moast “dat se wurde akseptearre” (tiidwurdfolchoarder net fan my). Ik krige ek noch it advys om wat wurdboeken út de bibleteek te lienen as ik muoite hie mei it Ingelsk.
Dat ynwenners fan Fryslân ûnderling yn it Ingelsk kommunisearje, wurdt stadichoan gewoaner. En dat giet op kosten fan it Frysk en fan it Nederlânsk. It Ingelsk is net de tradisjonele taal fan in streek, in eilân of in stêd. De minsken dy’t it prate, ha it faak net as earste taal. It Ingelsk wurdt brûkt as in algemien kommunikaasjemiddel. Dat wie in funksje dy’t it Nederlânsk en it Frysk oant no ta hienen. En it tsjinnet foar in grut part om minsken dy’t dy twa talen net behearskje, dúdlik te meitsjen dat fan harren ek net ferwachte wurdt dat se dy har eigen meitsje. Sokke minsken, dy’t hjir studearje of wurkje, wurde beskôge as in oar type ynwenner, dat jo net lestichfalle moatte mei de talen dy’t earder as de gewoane kommunikaasjemiddels fan Fryslân beskôge waarden. En dy grutte mearderheid dy’t wol Frysk en wol Nederlânsk kin, dy moat him mar oanpasse. En dy krijt fan in oare Fries ynienen mailtsjes yn in bûtenlânske taal oer it ynleverjen fan in Frysk boek by in Fryske skoalbibleteek.
Fryslân wie op in beskate manier twatalich, mar mei ûngelikense posysjes foar it Nederlânsk en Frysk. It Nederlânsk stie wetlik en sosjaal in stikje heger as it Frysk. Wa’t Nederlânsk prate, learde der net altyd Frysk by, oarsom wol. No komt it Ingelsk derby en dat komt hurd in stikje heger te stean as it Nederlânsk, net wetlik, wol sosjaal. De Frysktalige en de Nederlânsktalige moatte har ferbrekke. En dêrmei skoot it Frysk stadich (mar net heel stadich) op fan plak twa nei plak trije yn de talehiërargy fan Fryslân. Dat is net in goed ding.
It is bespotlik dat ynienen der wól allegearre opskriften yn it Ingelsk kinne, mar nea yn it Frysk koenen… Want ja, de Friezen kinne wol Hollânsk dat … Mar de Friezen fine it allegearre wol bêst sa.. Úteinlik is Fryslân ientalich Hollânsk, it Frysk stiet yn ‘e marzje en wurdt (ek troch Friezen sels) hieltiten mear fuortpoetst…
Foer foar psychologen. Binne wy behaachsiik? Wa psycholooch/iater wol hjir op reagearje?