Fryske ferhalen yn de nije podcastrige ‘Boekekast’

septimber 27, 2019 09:07

Ofrûne woansdei, op de dei fan de memmetaal, lansearren Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân de nije podcastrige ‘Boekekast’. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online. Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast, dêrom wreidet Omrop Fryslân it podcastoanbod fierder út. Earder binne de SportCast en de PietCast al fan start gien.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers of fragminten út aktuele romans. Ferhalen dy’t yn Boekekast foarbykomme binne ûnder oare ‘De Achttjin’ fan Aggie van der Meer, ‘De trekker fan Troje’ fan Hein Jaap Hilarides en ‘Wurk’ fan Elske Schotanus. Snein 29 septimber wurdt úteinset mei ‘Parallaks’ fan Janneke Spoelstra. De twa partijen wolle dêr de Fryske literatuer ris mei op in oare wize ûnder de oandacht bringe.

De kar om sûnt dit jier mear yn te setten op podcasts by Omrop Fryslân is in bewuste kar fertelt einredakteur Douwe Boersma: “Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast. It is in prachtich medium om djipper op de saken yn te gean en ús kennis of dy fan oaren te dielen, lykas sport yn de Sportcast of it waar yn de Pietcast. Mar ek foar projekten lykas Boekekast, dat we op radio net samar kwyt kinne. En sa binne der noch tal fan ideeën foar nije podcasts.”

Sport en it waar yn in podcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân minsken by oer in ferskaat oan sport, mei altyd in Frysk rantsje.

Yn de PietCast dûkt Wim Brons ien kear yn ‘e moanne djipper yn it waar mei waarman Piet Paulusma. Dêryn hawwe Wim en Piet it oer mear as allinne de ferwachting fan de kommende dagen. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in Alvestêdetocht? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne.

Ein 2019 lansearret Omrop Fryslân ek de podcast Bonkerak.

Alle podcasts fan Omrop Fryslân binne te finen op Omropfryslan.nl/podcast.

septimber 27, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.