Frysk Museum wjerleit klisjeebyld mei útstalling ‘Wij Vikingen’

septimber 10, 2019 09:12

Fan 19 oktober 2019 oant en mei 15 maart 2020 presintearret it Frysk Museum yn Ljouwert Wij Vikingen. Dêr wurdt it klisjeebyld fan Wytsingen yn wjerlein. De besiker ûntdekt dat mei it wurd wytsing net in folk, mar in libbensstyl oantsjut waard, dy’t mear omfette as de berofte plonderingen. Wytsingen wiene ek hiel betûfte hannelers mei in grut netwurk, dêr’t ek de Nederlânske kustbewenners fan profitearren. It kaam sels foar dat dy harren by de Wytsingen oansleaten en meidiene oan de gewelddiedige rôftochten.

Foto: Frysk Museum

De Noardsee is yn de betide midsiuwen de sneldyk fan Europa. Troch de groeiende hannel binne minsken sterk oriïntearre op it wetter. It wiidweidige maritime hannelsnetwurk is foar in grut part yn hannen fan Skandinaviërs. Hja befarre mei harren skippen de seeën en rivieren oant Bagdad ta. Archeologyske fynsten lykas in narwaltosk út Grienlân, Dirhams út Arabië en barnstien út it Eastseegebiet yllustrearje de omfang fan dy hannelsrelaasjes.

Noardseekultuer
Al foar de Wytsingtiid (793 – 1066) is der sprake fan nau kontakt tusken de folken om de Noardsee hinne. Yn havens en hannelsplakken wurde talen, tradysjes en oertsjûgingen útwiksele. Dy wurde ta in ‘Noardseekultuer’ dy’t de noarderlingen mei-inoar ferbynt. Yn Frisia wurde ek heidenske goaden oanbidden. Frisia besloech yn dy tiid it hiele kustgebiet fan Flaanderen oant Noard-Dútslân. En hoewol’t de ynwenners fan Frisia nauwe bannen hiene mei Wytsingen, hat it gebiet yn de njoggende iuw ek te lijen ûnder harren oanfallen.

Oanfallen
De earste oanfal wie yn 810 nei Kristus. In leger fan goed twahûndert skippen foel doe de Fryske eilannen oan. Dêrnei waard ek it fêstelân oanfallen. Pas nei it beteljen fan hûndert pûn sulver giene de Wytsingen wer fuort. Frisia soe yn de jierren dêrnei noch hiel faak oanfallen wurde. Yn de útstalling binne ferskate Wytsingwapens te ûntdekken. Der is ek in skelet fan in slachtoffer fan de te Wytsingen te sjen. De dúdlike spoaren fan geweld jouwe in unyk byld fan de wreedheid fan de oanfallen

Oanslute
Dochs sleaten sommige ynwenners fan Frisia harren by de Wytsingen oan. Dat waard harren net yn tank ôfnommen. Neffens de wet wie in ynwenner dy’t him ien kear oansletten hie by de Wytsingen nea wer wolkom yn Frisia, útsein as der sprake wie fan twang. Yn it Sweedske hannelsplak Birka is in grêf fûn mei de restanten fan in frou mei wapenrêsting. Dat kin derop wize dat froulju har ek by de Wytsingen oanslute koene.

Bonkerak fan in frou omkaam by in Wytsinge-oanfal yn Sutfen om 882 hinne (foto: Stedelijk Museum Zutphen)

Kristendom
Dat de Wytsingen yn Frisia taholden hie dêr ek ynfloed op de fersprieding fan it kristendom. Ut nij wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat de transysje fan it heidenske leauwe nei it kristendom slim fersteurd waard troch de mannichte oan Wytsingoanfallen yn de 9de iuw. De Wytsingen plonderen de pas stifte tsjerken, wêrtroch’t it dreech waard om in kristlike ynfrastruktuer op te bouwen. Sommige ynwenners foelen dan ek wer werom op harren âlde leauwe. Pas yn de twadde helte fan de 10de iuw slagge it de biskop fan Utert om definityf foet oan ’e grûn te krijen yn Frisia.

Wytsingeskip
Spesjaal foar Wij Vikingen meitsje studinten Bouw & Infra en Maritieme Techniek fan ROC Friese Poort in replika fan it om 1030 hinne boude oarlochsskip Skuldelev V. De boutekeningen dêrfan komme fan it Vikingeskib Museet yn it Deenske Roskilde, dêr’t de restanten fan it skip lizze. Tsien studinten wurken yn totaal tsien moanne oan de replika fan it fyftjin meter lange skip, dat kompleet te sjen wêze sil op de eksposysje.

Bern
Foar bern fan 8 oant 12 jier is der in spesjale rûte makke. Se wurde útdage om harren ûntfierde bruorke werom te finen. Oan ’e hân fan ferhalen, opdrachten en foarwerpen ûntdekke se wat it betsjut om in Wytsing te wêzen yn it Frisia fan eartiids. Under harren reis leare se om te fjochtsjen mei swurd en bile, geane se op syk nei prachtige skatten en komme se each yn each te stean mei echte Wytsingen.

Wytsingskat ‘Westerklief I’ fan Wieringen, om 850 hinne (foto: Rijksmuseum van Oudheden, Leiden)

Foarmjouwing
De besiker wurdt troch seis sealen meinommen nei de Wytsingetiid. Sa wurdt it Frisia fan de betide midsiuwen ûntdutsen en ynsjoch bean yn de komplekse relaasje mei de Wytsingen. It útstallingskonsept en -ûntwerp is ûntwikkele troch Studio Louter en Opera Amsterdam.

Publikaasje
Neist de útstalling ferskynt in publikaasje dêr’t de nijste wittenskiplike ynsichten oer Wytsingen yn de Lege Lannen yn presintearre wurde. Wij Vikingen: Friezen en Vikingen in het kustgebied van de Lage Landen wurdt útjûn troch Waanders Uitgeverij Zwolle, en ferskynt yn it Nederlânsk en Ingelsk en kostet € 24,95.

De eksposysje wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, LF2028, Gemeente Ljouwert, Prins Berne-aard Cultuurfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, Stichting St. Anthony Gasthuis, Vaderlandsch Fonds, Meindersma-Sybenga Stichting, Leeuwarder Ondernemerfonds, Stichting Siebolt Foundation, Directie der Oostersche Handel en Reederijen, Boelstra Olivier Stichting, Stichting Herbert Duintjer Fonds en de Vrienden van het Fries Museum.

septimber 10, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.