Frâns Kuipers: Trigger

septimber 7, 2019 20:00

Kollum

Under it praatprogramma Jinek waard ik dizze wike triggere* troch in opmerking fan Gijs Rademaker, opinyhifker fan de aktualiteiterubryk EenVandaag. Rademaker is in goed ûnderleine jongeman, dy’t mei syn foarsizzingen meastal tichteby de útslach fan ferkiezingen sit. Ut syn lêste hifking die bliken dat, troch it gedoch binnen Forum voor Democratie, dy partij fan 24 nei 11 sitten tebek gean soe as der no ferkiezingen wiene. Kiezers binne ûnwis en fleane fan de iene nei de oare nije partij. Hoe komt soks?

Unfermogen fan politisy
It petear by Jinek gie oer it ferbouwen en de restauraasje fan it Binnenhof foar sa’n heal miljard euro. It giet om histoaryske gebouwen dêr’t grutte wearde oan hechte wurd. De Twadde Keamer wie fan doel om dat ‘putsje’ útfiere te litten troch arsjitekteburo OMA út Rotterdam. Mar as in duvel út in doaske wurdt dat buro fuortstjoerd mei in ôfkeapsom fan 2,5 miljoen euro. De Twadde Keamer seach dat arsjitekteburo net mear sitten, wylst se sa’n tsien jier oan it ompankoekjen binne oer hoe’t it moat en wa’t dat it beste dwaan kin. Foar de bühne brânden de Keamerleden dy wrâldwiid ferneamde en betûfte arsjitekt ôf. Hja woene net oan it wurk yn tropyske kantoartunen en dat soarte meunstereftichheden dy’t net passe by de historisiteit fan it Binnenhof. Dat liket nearne nei en it slút net oan by de winsken fan de Keamer. Dus: fuort mei OMA. Klear!

By de noas lâns
Mar sa by de noas lâns sei Rademaker: “Maar deze Kamerleden hebben deze architect toch zelf gekozen? Juist vanwege haar goede naam en de fantastische gebouwen die wereldwijd door dit bureau gemaakt en gerestaureerd zijn? En nu branden dezelfde Kamerleden dit bureau tot aan de grond toe af. Ze zijn er meer dan tien jaar mee bezig geweest, maar ze zijn kennelijk niet in staat om tot een goede afweging te komen. Hoe kunnen dergelijke politici ons land besturen?”

Gefolgen
Dy logyske redenearring bleau as in trigger by my hingjen. Ik tocht, kom op Jinek, kop dy bal yn it doel! Mar, Jinek gie der net op yn. Se wie te hastich. Se gie troch oer de kar fan arsjitekt Pi de Bruijn (72), dy’t it hjoeddeiske Twadde Keamergebou ûntwurpen hat. Yn dat gebou sjogge wy ús warbere folksfertsjintwurdigers algeduerigen boartsjen mei harren I-phone.** Dat binne ús twitterjende folksfertsjintwurdigers, dy’t it bêste mei ús foar hawwe. Sa no en dan stekke se de hannen omheech by in útstel dêr’t oer stimd wurde moat. Ien fan de gefolgen fan dat byld fan de polityk is dat de massa gjin ynteresse (mear) hat yn de polityk en dat der aloan mear kiezers fan de iene nei de oare (nije) partij oerstappe. It ûnfermogen fan de hjoeddeiske Twitter- en Facebook Demokrasy (TFD)?

Mei de fraach (trigger) fan Rademaker yn ’e holle kin ik sawat alle dagen de gefolgen fan it ûnfermogen fan de polityk lêze yn de kranten en oare media. Elkenien klaget oer de gefolgen. Tink bygelyks oan de tekoarten oan personiel yn de sûnenssoarch, de jeugdsoarch, it ûnderwiis en gean sa mar troch. Folje dat rychje sels mar oan.

*In trigger is in selsstannich meganisme, dat yn jins tinken in proses yn gong set as der in grins oerstutsen wurdt. Soks kin liede ta fêstsittende tinzen of mieningen, dy’t men net samar loslitte kin. Tinzen dy’t hingjen bliuwe, omdat se der wol ta dogge, mar dêr’t neat mei dien wurdt. Sokssawat (neffens nl.wikipedia.org/wiki/Trigger)
** www.itnijs.frl/2018/10/frans-kuipers-iphone-unmisber-yn-de-polityk
septimber 7, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.