Foto’s Jason van Bruggen fan Noardpoalgebiet yn De Lawei

septimber 19, 2019 08:13

By de BBC, National Geographic en Outside Magazine kenne se him goed: natuerfotograaf Jason van Bruggen. De Kanadees fan Frysk komôf makket prachtige natuerbylden. Dêr fertelt er it ferhaal yn fan de gefolgen fan klimaatferoaring op de natuer en kultuer yn it noardpoalgebiet. Fan novimber oant jannewaris lit er sa’n tritich High Arctic-foto’s yn De Lawei yn Drachten sjen.

Foto: Wikipedia/eigen wurk – lisinsje CC BY-SA 4.0

Jason van Bruggen brocht yn syn jonge jierren in protte tiid yn de Kanadeeske wyldernis troch. Hy rekke derfan trochkrongen dat de noardlike gebieten en de bewenners dêrfan driuwend beskerme wurde moasten. Van Bruggen hat him ta doel steld om dêr mei syn fotografy in bydrage oan te leverjen.

Van Bruggen: “Myn foto’s – en fideo’s – bringe de resinte klimatologyske en kulturele feroarings yn it noardpoalgebiet yn byld. Ik freegje omtinken foar it feit dat Inuit-folken net allinnich leare moatte om te gean mei hegere temperatueren en koartere winters, mar ek mei it ferlies fan harren kultuer en in teloargean fan harren taal. Hja reitsje harren jachtgebieten kwyt en assimilearje út need ferskate aspekten fan de westerske kultuer.”

Van Bruggen toant net de foar de hân lizzende bylden fan silige bisten, minsken dy’t oan ellinde te proai fallen binne of in lânskip dat ûntsierd wurdt troch ôffal. Hy makket bylden dy’t opfalle troch komposysje, estetyk en autentisiteit. Van Bruggen wol dêr sympaty mei oproppe foar it troch him portrettearre gebiet. En hy hopet dat dêrtroch by de sjoggers it langstme ûntstiet om dy natuer te koesterjen.

Projekt seespegelstiging
Jason van Bruggen bringt mei syn wurk de gefolgen fan klimaatferoaring ûnder de oandacht. Yn oansluting op de eksposysje Mirror, Mirror sil er yn Nederlân wurkje oan in projekt oer de stiging fan de seespegel. Nederlân hat in protte ûnderfining mei de striid tsjin it wetter. Van Bruggen wol in searje natuerfoto’s meitsje dêr’t dúdlik yn wurdt hoe’t Nederlân, sawol hjoed-de-dei as yn it ferline, omgien is mei de driging fan it seewetter. Kennis dy’t ek foar de rest fan de wrâld fan belang is. It projekt ‘The Lowlanders – Where the water meets the land’ wurdt stipe troch de Nederlânske ambassade yn Kanada. De resultaten, in eksposysje en in dokumintêre, sille fertoand wurde op de Nederlânske ambassades yn Kanada en oare lannen.

Foarum
Op freed 15 novimber wurdt by de iepening it foarum ‘De strijd tegen het water’ holden mei sprekkers Koos de Wit (keunsthistoarikus) oer de ynfloed fan klimaatferoaring op ús leefomjouwing en Henk de Vries (It Fryske Gea) oer syn dei mei Jason en de projekten fan It Fryske Gea.

De eksposysje is te sjen fan freed 15 novimber oant en mei 5 jannewaris 2020.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.lawei.nl/kunst.

septimber 19, 2019 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.