‘Foarútgong’, iepening tentoanstelling Waling Dykstra

septimber 21, 2019 07:24

LJOUWERT, 20 septimber. Mei sa’n 150 minsken wie der freed gâns belangstelling foar de iepening fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, ferwolkommet de oanwêzigen. Yn syn iepening leit Looper de link tusken de tiid fan Waling Dykstra en hjoed-de-dei. Waling Dykstra learde de Friezen har taal te lêzen en te skriuwen en der yn te sjongen en te toanielspyljen. Tsjintwurdich is it literêre klimaat o sa artistyk en boeiend mei wer nije oerdrachtsfoarmen om taal en kultuer ûnder de minsken te bringen.

Nei Looper syn ferhaal is Abe de Vries oan bar. Hy giet yn op it libben en wurk fan Waling Dykstra. Dykstra is berne yn Froubuorren yn 1821 en ferstoarn yn Holwert yn 1914. Hy is sûnder mis de belangrykste skriuwer fan de 19e iuw en wis de bêst lêsbere, al stiet er sa net bekend. Der is net in Fryske skriuwer dy’t mear ynfloed hân hat as hy. Hy skreau foar it folk en hy die dat yn de Fryske omgongstaal. It sintrale tema yn syn wurk is maatskiplike en morele foarútgong: hoe kinne de minsken bettere minsken wurde en har libben better organisearje. Dykstra is 92 jier wurden en 75 jier dêrfan hat er skreaun.

De tentoanstelling is foarmjûn troch Yvonne Willems en Ernst Benson. Sy wolle mei de tentoanstelling it sprektalige karakter sjen litte en ek de emansipatoire kant fan it wurk fan Waling Dykstra. Der is gjin katalogus, mar yn besikerssintrum Obe is in blomlêzing fan it wurk fan Dykstra te keap. Dat boekwurk fan 280 siden is útjûn troch De Ryp, Blauhús.

Dan is it wurd oan Waling Dykstra, pakesizzer fan de skriuwer. Hy is foarsitter fan de Waling Dykstra Stichting. De skriuwer kriget neffens syn famylje mei dizze tentoanstelling de erkenning dy’t er fertsjinnet. Dykstra is tige grutsk op it troch syn pake gearstalde wurdboek, dat jierren tiid ferge hat. Waling Dykstra hat ea de hoop útsprutsen dat de bern fan syn bern oer hûndert jier noch mei it Frysk dwaande wêze soene. It is no 105 jier letter, dus dat is slagge. Mei it blazen op in toeter iepenet Dykstra de tentoanstelling.

De pianiste spile in fariaasje op Simmermoarn. Nei de foardracht ‘Ik ben een vrouw’ fan Annemarie Lindeboom en ‘Wurdboeksjonger’ fan Arjan Hut tanket Bert Looper elkenien dy’t meiwurke hat oan it ta stân kommen fan de tentoanstelling. Dan is it tiid om nei Obe te gean. Yn in moaie tiidline komt it libben fan Waling Dykstra foarby. Wat iksels hiel moai fûn is it oersjoch fan wurk dat printe is op de latten fan it rûne dak. Oft de obelisk mei de byltenis fan Waling Dykstra nochris by of yn Obe komt te stean, wa sil it sizze. Bert Looper ropt op om dêr aksje foar te fieren.

De tentoanstelling yn Obe, podium foar literatuer, keunst en taaal, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert, duorret oant en mei 5 jannewaris 2020 en is fergees tagonklik. Iepeningstiden: tiisdei oant en mei sneins fan 11.00 oant 17.00 oere

tekst Folkje Koster, foto’s Aant Mulder
septimber 21, 2019 07:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.