Ferkiezings yn Flaanderen tenei hielendal oars

septimber 28, 2019 14:18

Ofbylding: pixabay.com

Yn Fryslân is stimmen in rjocht, yn Flaanderen is it in plicht. Dat sil lykwols feroarje, alteast by de ferkiezings foar de gemeenterie en it provinsjaal bestjoer. Dat hat it nije Flaamske regear ûnder lieding fan Jan Jambon hjoed buorkundich makke.

Wa’t net by de stimbus ferskynde, koe in boete fan tachtich euro krije. Dat soarge foar in hege opkomst, dy’t altyd om ‘e njoggentich persint hinne lei.

In oare fernijing is de wiziging fan ‘e boargemastersbeneaming. Oant no ta moast de gemeenterie út eigen fermidden in kandidaat foardrage. Dy koe dan beneamd wurde troch de gûverneur – te ferlykjen mei de kommissaris fan de kening. Soms wegere de gûverneur dat en beneamde er in oar ta boargemaster.

Yn it nije systeem wurdt it gemeenteriedslid fan de grutste fraksje dat de measte stimmen krige hat, no automatysk boargemaster. Walloanië hie dat systeem al.

septimber 28, 2019 14:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.