Fat man’s tsjusternis 090845

septimber 21, 2019 09:30

Resint ferskynd

Der wennet in dwaas yn it Wite Hûs yn Washington. Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Koreä dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Op 8 augustus lêstlyn mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei navenant alle gefolgen. Omwenjenden waard frege om fuort te wêzen fanwegen de radio-aktive straling. It binne ûntjouwings yn in moanne dêr’t yn betocht wurdt dat 74 jier ferlyn de atoombom op Hiroshima en Nagasaki foel. De lêste doomsday-bom krige de namme ‘Fat Man’. Underdiel fan de nije wapenwedrin is de ynset fan alderhande cyberwapens.

FAT MAN’S TSJUSTERNIS 090845

*

Staf-oer-nacht falt middenyn it wurd
it swarte gat, de wite bliksem
en it wrede ljocht, de flok en
de sucht en de azem fan beide
by de morbide klok dy’t oer Nagasaki
de bom brocht, in lûk dat
iepenkypt, in triljen en donderjen
en, alles taspjaltend, de braak fan
it atomêre hearskip Kronos
dat de dei, it hert, de tonge útskuort,
in moarntiid yn augustus, stil as
hjoed de sinne oer de Potmarge.

*

Mei in geweld, hurder as it lûd sels
strûpt in ferniel libben de hûd,
floedweagen fan stof en pún en
pún en stof en de brutens fan beide
yn de hjittens fan tûzen,
net yn sinnen te sizzen sinnen,
it ûntplofte alfabet, in stêd,
fuortreage ta inkeld neat en nimmen,
mister Fat-Man’s iepenbiering, of:
it blyn fan de himel rôve fjoer,
in moarntiid yn augustus, stil as hjoed
de wynfearren oer de Potmarge.

*

Kensto de nije, netsjes yn pak hyste
reichmannen, segene fan harren God
dy’t sneins harkje nei Bach of in tút
appe nei frou en bern, kuierjend yn it park?
Meganysk en slaafs dogge hja gewoan
de algoritmyske wurken yn tsjinst fan
de hearen menearen dy’t blaffe en
beare, let’s drop the Big One and see
what happens, alles foar it heitelân!
O, sotteklok Gods, nea net fier de hân
op ‘e atoomknop. Báts. Wat in feest.
Tsjuster de kweade kelders fan de geast.

Eeltsje Hettinga, dichter fan Fryslân

septimber 21, 2019 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.