Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (86)

septimber 28, 2019 07:05 Fernijd

Wikimedia CommonsNederichheid en beskiedenens

Tsjin ’e jûn kom ik mei de tolve yn ’e boppeseal oan. Der is wat bargebiten oer de fraach wa fan har it wichtichst is. Dêrop sis ik tsjin har:
“Lieders en bestjoerders binne baas oer de minsken en sy wurde woldoggers neamd, ek al ferrykje se harsels. Mar by jim moat it sa net wêze. De earste ûnder jim is dejinge dy’t is as de jongste tsjinstfeint. Ik bin yn jim midden om jim te tsjinjen. Jim binne hieltyd by my bleaun as ik hifke waard. En ik jou jim it keninkryk, sa’t myn Heit it oan my jûn hat, dat jim oan myn tafel ite en drinke yn myn keninkryk. En it keninkryk is tusken jim, as in net útspraat oer de wrâld, as it yn jim is.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 28, 2019 07:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.