Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (85)

septimber 21, 2019 06:51 Fernijd

Haadstik 10 Yt en drink mei-inoar, waskje inoar, meitsje inoar better

 

Tariedingen foar it Lêste Jûnsmiel

Domenico Ghirlandaio 1449–1494, It Lêste Jûnsmiel

It is in pear dagen foar it Joadske peaskefeest, dan sil it laam fan Peaske slachte wurde, en ik wit dat myn tiid hast kommen is om út dizze wrâld oer te gean nei de Heit, en ik ha myn minsken, dêr’t ik yn ’e wrâld fan hold, leafhân oant de ein.

De autoriteiten stinne derop om hoe’t se my troch in list yn hannen krije kinne en deameitsje. Mar se sizze tsjininoar: net op it feest, want dan komt der opskuor en trelit fan. En Judas Iskariot, ien fan ’e tolve, giet nei de timpelautoriteiten om my oan har oer te leverjen. At se dat hearre, binne se kontint en sizze ta dat se him jild jaan sille. En Judas betinkt wannear as er my oppakke litte kin.

De dei foar Peaske freegje myn freonen:
“Wêr wolle Jo Peaske fiere? Dan sille wy it feest tariede.”
Ik kies twa fan myn tolve freonen út en jou har as opdracht:
“Gean nei de stêd ta en jim sille in man moetsje dy’t in krûk mei wetter draacht. Folgje him en sis tsjin de hear fan it hûs dêr’t er ta yngiet: ‘De master seit: Wêr is foar my de keamer, dêr’t ik mei myn learlingen Peaske fiere kin?’ Hy sil jim in grutte boppeseal wize dêr’t alles wat nedich is te finen is. Meitsje dy seal foar ús klear.”
En de twa freonen rinne nei de stêd ta en alles is sa’t ik it sein haw en se rjochtsje de seal yn foar it peaskefeest.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 21, 2019 06:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.