Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (84)

septimber 16, 2019 10:38

Franz Mayer & Co., 1966, München, It weromkommen fan Kristus (Lutherske tsjerke St. Matthew yn Charleston, SC).

Wês wach

Ik sis tsjin ’e learlingen:
“Moai net, al dy prachtige gebouwen hjir. Mar der bliuwt gjin stien op ’e oare en alle tekens fan wolfeart binne fergonklik. Garje dyn wolfeart yn ’e himel troch fan dyn meiminske te hâlden as fan dysels. Minsken sille sizze dat God hjir is of dêr is, mar leau dat net. Hy is yn jimsels. As de knoppen tynje en de blêden sprute út, komt de simmer deroan. Jim moatte de tekens fan ’e tiid ferstean. Wês wach, want kinst net witte wannear as de ein komt. Stel dyn beslút net út om it paad fan ’e deugd op te gean. Pas goed op it hûs, want kinst net witte wannear as de Hear fan it hûs weromkomt. Underhâld alles. Pas goed op dysels. Wês wach.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

septimber 16, 2019 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.