Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (83)

septimber 7, 2019 07:31

De twa geboaden dy’t ien binne en net sûnderinoar kinne.

Ofbylding: www.hetkatholiekegeloof.nl

Ien fan ’e timpelautoriteiten fynt dat ik goed antwurdzje op alle strikfragen. Hy freget oan my:
“Wat is it belangrykst fan alle geboaden?”
Ik antwurdzje:
“De Hear is ien. Hâld fan him mei hiel dyn hert en siel en al dyn krêft en ferstân. Dêroan gelyk is it twadde gebod: hâld fan dyn meiminske as fan dysels. Dy twa geboaden kinne net sûnderinoar, want dan komt der kâlde ferstiving of lauwe ferwettering fan. By de ferstiving fan strange minsken mist de linigens fan in libben leauwe en it omtinken foar de meiminske. By de ferwettering fan frijsinnige minsken mist de krêft fan libben leauwe en it omtinken foar God. Yn beide gefallen wurdt it leauwe hieltyd minder yn ’e praktyk brocht.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 7, 2019 07:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.