Enerzjike Warnsbetinking / Mienskipsdei

septimber 29, 2019 20:39

Op it ûnlijige Reaklif frege skûljen juster om wat kreativiteit

Der foel in bats wetter doe’t de betinking fan de Slach by Warns justermiddei úteinsette en de wyn spûke om it Reaklif. It publyk koe gelokkich flak foar de gearkomste, doe’t it efkes eaze, noch skûlje efter in bus fan in delegaasje út Eastfryslân. Mar net allinnich yn de atmosfear siet in protte enerzjy: it programma wie likegoed tige enerzjyk; faaks om’t de organisaasje der in Mienskipsdei fan meitsje wol (sjoch de rige skôgings fan Tom Dykstra fan de lêste wiken: diel 1, diel 2 en diel 3). De mienskip en it deitema ‘Mear-taligens’ kamen oer alle boegen, sawol yn de taspraken as yn in tal fan muzikale bydragen, goed foar it ljocht. De taspraken binne yn hiel harren hear en fear op It Nijs nei te lêzen (streekrjocht fia de trochklikken hjirûnder).

De deifoarsitter wie it rûge waar treast

Deifoarsitter Chris van Hes, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip, helle ûnder oaren in kollum fan Henk Wolf op It Nijs oan, oer de troch him sinjalearre ûntjouwing nei in trijetalich Fryslân. De Portugeeske lektor Joana Duarte joech yn treftich Frysk suver in kolleezje oer de ynfloed fan de talen fan nij-ynkommelingen en dosinte Rianne Blokzijl fertelde oer har ûnderfinings yn de Fryske les oan skoalbern mei in ferskaat oan eftergrûnen. Beide – tige entûsjaste – spreksters beklammen it belang fan in positive hâlding fan bern foar it Frysk oer foar it learen fan de taal. En dêr ûntbrekt it noch wolris oan.

Jan Nota

Njonken de muzikale bydragen fan it korps en it mei-inoar sjongen fan inkelde lieten wienen der wol trije optredens fan artysten. Jan Nota besloech de ymmigraasjeproblematyk mei de gek yn in liet oer nij-ynkommelingen dy’t de komst fan in Eskimo erchtinkend besjogge, mar song ek serieus oer it ferhollânskjen fan it skoalplein. Gezina van der Zwaag song, begelaat troch Bruno Rummler, Fryske ferzjes fan bûtenlânske lieten oer drege tiden dy’t oergean yn bettere. En Jos Harteveld ferlike yn de foarpremjêre fan syn liet ‘Ritme fan myn hert’ it bûtenlân mei Fryslân: “Oeral op de wrâld ha ’k stappen set. (…) Mar dit lân sit yn myn hert. Dit is de taal dy’t alles bynt.”

Gezina vd Zwaag & Bruno Rummler

Troch de oanwêzigens fan de Eastfriezen koe it tema ek op ynterfryske wize syn gerak krije mei lytse taspraakjes yn it Sealterfrysk en it Eastfrysk-Platt.

Lokoboargemaster fan Sealterlân Marianne Fugel hold in koarte taspraak yn it Sealterfrysk

Foarsitter fan de Stifting Slach by Warns Tom Dykstra (rjochts) krige mei in taspraakje yn it Eastfrysk-Platt fan André Freimuth (lofts), dy’t de ‘Westfrieslandfahrt 2019’ organisearre, in Eastfryske stien

Okkerdeis wie der yn de dokumintêre-rige ‘Achter de dijken’ omtinken foar de Fryske Frijheid, mei opnamen fan de betinking fan ferline jier. Dat programma is hjir noch te besjen (mei nei goed in healoere bylden fan de Warnsbetinking 2018).

Jos Harteveld

© Foto’s: It Nijs

septimber 29, 2019 20:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.