Eeuwe Zijlstra lit it oargel yn Burchwert sjonge op freed 13 septimber

septimber 2, 2019 08:19

Oargelkonsert mei lieten foar sopraan en mei-inoar sjongen fan lieten fan Gysbert Japiks.

De tsjerke fan Burchwert hat in prachtich histoarysk ynstrumint yn it Schwartzburg-oargel fan 1736, restaurearre yn 2011. It oargel stiet bekend om syn prachtige, waarme en heldere klank. Jo kinne hearre, dat it bedoeld is om minsken oan it sjongen te krijen.

Foto: Wikipedia/Bram ten Cate – lisinsje CC BY-SA 3.0

Eeuwe Zijlstra, oargelist fan de Gruttsjerke yn Harns, hat in programma gearstald dêr’t populêre lieten út ’e tiid dat it oargel boud waard, yn trochklinke. Komponisten as Sweelinck, Byrd en Böhnm brûkten oargels noch net as ynstruminten foar yngewikkelde en téoretyske stikken, mar foaral as ferlingstik fan ’e minsklike stim: heger, djipper en mei mear mooglikheden, mar yn prinsipe noch altyd útgeand fan in liet sa’t minsken dat sjonge om in stikje gefoel of emoasje te uterjen. Zijlstra hat dêrby de meiwurking fan mezzosopraan Anneloes Volmer út Haren. Hja sjongt lieten fan Constantijn Huygens en, in primeur, Fryske lieten fan Gysbert Japiks.

It bysûndere is dat de persoan dy’t it oargel yn 1736 skonken hat in skoandochter wie fan in folle nicht fan de grutte Fryske dichter Gysbert Japiks út Boalsert. Gysbert Japiks wie dichter, mar ek syn gedichten wiene bedoeld om te sjongen.

Liuwe Westra sil in lytse taljochting jaan op Gysbert Japiks syn teksten, en de oanwêzigen krije ek de gelegenheid om mei Eeuwe Zijlstra by it oargel in pear fan dy teksten te sjongen. It kin net oars, as Gysbert hat wolris yn Burchwert west. Mooglik hawwe guon lieten dy’t op 13 septimber klinke sille yn ’e Burchwerter tsjerke 400 jier earder ek al yn Burchwert te hearren west…

Fan 19.30 oere ôf is de tsjerke iepen mei kofje; yntree € 7,50. It konsert begjint om 20.00 oere. Nei de tiid is der gelegenheid ta neipraten.

septimber 2, 2019 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.