Earste eksoplaneet mei wetterdamp ûntdutsen yn ‘bewenbere’ sône

septimber 17, 2019 08:37

Foar it earst hawwe astronomen wetterdamp ûntdutsen op in potinsjeel libbensfetbere eksoplaneet, mei matige temperatueren. Neffens NASA is de fynst fan wetterdamp unyk, al seit de organisaasje dat fierder ûndersyk nedich is.

Ofbylding: NASA

Eksoplaneten draaie bûten ús sinnestelsel om in oare stjer as de sinne. De eksoplaneet hat de namme K2-18b en leit op 110 ljochtjier fan de ierde. De planeet is acht kear swierder en twa kear grutter as ús planeet. De Kepler-teleskoop fan NASA, dy’t earder al trijetûzen eksoplaneten fûn, ûntduts de planeet fjouwer jier lyn.

De wetterdamp is ûntdutsen troch astronomen fan it Centre for Space Expochemistry yn Londen. Dy brûkten argyfgegevens fan NASA-teleskoop Hubble om algoritmen te ûntwikkeljen dy’t úteinlik molekulen fan wetterdamp opspoare koene.

De eksoplaneet leit yn in ‘bewenbere’ sône, mar is net direkt in twadde ierde. Neffens it ûndersyk is der ek in protte wetterstofgas op de eksoplaneet oanwêzich en dat is tige brânber op ierde. Dat lit sjen dat it net echt in leefber plak is. Boppedat is de planeet folle swierder as de ierde.

septimber 17, 2019 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.