Dûbel feest foar berne-opfang Us Boartersplakje yn Fryske Peallen

septimber 3, 2019 11:02

Op freed 30 augustus wie it feest op berne-opfang Us Boartersplakje yn Fryske Peallen. De lokaasje bestiet nammentlik fiif jier. Dat waard fierd mei ferskate aktiviteiten en traktaasjes foar alle bern dy’t op dizze lokaasje opfongen wurde. Fansels wienen de âlden ek fan herte wolkom. Tagelyk mei it fiifjierrich jubileum waard ek it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ ûntbleate.

De lokaasje wurket sûnt de hjerst fan 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it begeliedingstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle.

Us Boartersplakje en twatalichheid

Liedsters Geeske en Jilda (foto: SFBO)

Us Boartersplakje is in selsstannige berne-opfang, opset troch Geeske Annema en Jilda van der Heide. Der wurde fleksibele, lytsskalige opfang bean. Njonken de berne-opfang fan 0 oant 4 jier is der ek bûtenskoalske opfang. Yn gearwurking mei pedagogysk meiwurksters Thea, Martje en Nathaly wurdt neffens de fyzje wurke: in omjouwing kreëarje dêr’t bern harren feilich, fertroud en thús yn fiele. It twatalich belied sjocht der sa út: Geeske, Jilda, Thea en Martje prate konsekwint Frysk mei alle bern. Nathaly docht dat yn it Nederlânsk. De beide talen krije omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it foarlêzen en it sjongen. Troch de beide talen dúdlik faninoar te skieden, leare de bern de talen goed útinoar te hâlden en kinne se by it âlder wurden bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare en kinne sy better multitaske.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje op Us Boartersplakje west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘De liedsters ha genôch feardichheden, middels en metoaden om har taaloanbod te presintearjen en dogge dat ek op in passende en nijsgjirrige wize.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Us Boartersplakje begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

septimber 3, 2019 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.