Doutzen Kroes toant har kwetsbere en har Fryske kant

septimber 28, 2019 08:13

Fideoresinsje

Doutzen Kroes is úteinset mei in eigen fideorige: Doutzen Diaries. “Ik wol in oare kant fan mysels sjen litte”, sa kundige it wrâldferneamde fotomodel de rige oan. “De kant dy’t minsken sa út en troch wolris sjogge yn de media, mar dy’t se net begripe. Ik tink dat it aardich is om te sjen dat ik folslein oars bin as hoe’t ik altyd delset wurdt.” In filmploech hat har acht moanne folge om har deistich libben fêst te lizzen, sawol op har wurk as privee. Kroes docht sels de seleksje fan de opnamen, mar kundiget oan der net foar tebek te skriljen om yntime sênes út har húshâlding, lykas oer spul mei har man, de disc-jockey Sunnery James, en fan boartsjen mei har bern Phyllon (8) en Myllena (5), te toanen.

Doutzen Kroes makket in fideodeiboek; boarne: Doutzen Diaries

Foar wa’t op grûn fan dy ynformaasje langhalzjend nei de rige útsjoen hie, wie de earste ôflevering dy’t ferline wike op YouTube publisearre waard, in ôfdijer. Want dy joech út noch yn gjin ynsjoch yn hokfoar kant fan de persoan fan Kroes ek. Mei Derek Blasberg, in pommerant fan YouTube dy’t se rûnlate yn ús lân, kaam hja net fierder as it begekjen fan Nederlânske klisjees. En de blastige Amerikaan woe just ha dat it model folle mear mâltjirge by it presintearjen yn stee fan dat hja it op har eigen wize die.

Mar dizze wike is de twadde ôflevering fan ‘Doutzen’s Deiboek’ hiel oare tee; lykas hjirûnder te sjen is. Ynienen sjogge we in frou Kroes dy’t muoilik wurdt as se har bern benefterlitte moat om earne oars op de wrâld oan it wurk. We sjogge in Doutzen dy’t mei har húshâlding genietet yn en om har eigen âldershûs yn Eastermar. En we sjogge har as in mem dy’t yn in meartalich fermidden Frysk praat mei de bern. Soks makket jin benijd nei de folgjende ôfleveringen; dy’t altyd op woansdei op YouTube ferskine sille.

septimber 28, 2019 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.