Doarallen socht foar muzikale teaterfoarstelling

septimber 22, 2019 08:56 Fernijd

Proef fan bekwamens op 12 oktober.

Muzikale teaterfoarstelling BROEST, yn april 2020 op te fieren op in bysûndere en stoere lokaasje yn Drachten, is op syk nei manlike spilers dy’t moed, ritmegefoel en sjongtalint hawwe. Op sneon 12 oktober hâldt inisjatyfnimmer Poer Producties in proef fan bekwamens; oanmelde kin fan no ôf.

Broest (foto: Poer Produksjes)

Opjaan fia nije webside
De produsint brocht al in oantal spilers byinoar. De ploech manlju moat oanfolle wurde ta in stik as fyftjin. Uterlik, eftergrûn en leeftyd binne net wichtich; in bytsje moed en muzikaal gefoel al.

Fia de krekt lansearre webside www.broest.frl kinne manlju mei dit profyl harren oanmelde foar de audysje oftewol de proef fan bekwamens op 12 oktober.

De foarstelling
BROEST is in foarstelling sûnder tekst, wêrby’t de komposysjes fan Jorrit Laverman – sels ien fan de manlju – en it spul fan de hearen dy’t it publyk troch ferskate fasetten fan manlikens liede. It stik is in idee fan Alinda Talsma, dy’t de lieding hat by Poer Producties en foar BROEST ek de artistike lieding op har nimt. De útfieringen binne yn april 2020 yn Drachten, op in net sljochtweihinne lokaasje dy’t o sa goed by it tema past. Fan jannewaris ôf wurdt der repetearre.

In lyts foarpriuwke fan de foarstelling is te krijen troch it filmke dêr’t manlju yn oproppen wurde om mei te dwaan.

septimber 22, 2019 08:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.