Dit is ús taal

septimber 7, 2019 08:26

Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan is op de Fryske taal en taalbelibbing en hoe’t it krekt kin dat Frysk sa populêr is by de jeugd. Oanslutend is de earste ôflevering fan Picture Poems te sjen: Fryske gedichten yn byld brocht.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Lysbeth Jongbloed-Faber fan de Fryske Akademy hat ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan De Hûnekop. Harren muzyk hat ynfloed op de taalbelibbing en identiteit by de fans, seit Lysbeth. Dat komt troch de ûnderwerpen dêr’t se oer sjonge. De Hûnekop lit neffens har sjen dat it okee is dat je Frysk binne en net ûnder dogge foar de Rânestêd.

“1, 2, 3 sil ik dy snije. Ik hie noait tocht dat se dat by Omrop Fryslân draaie soene”, seit sjonger Emiel Stoffers fan De Hûnekop. Yn oktober komme se mei harren nijste album: ‘Monsterachtig’. Dat dit net geef Frysk is, ynteressearret Emiel net: “Dat is net myn taak, mar it is wol ‘fucking cool’ om Frysk te praten.”

Better kinst it net krije
Undersykster Lysbeth sjocht wat dat oanbelanget folop kânsen foar it Frysk. Want troch de sosjale media wurdt it Frysk foaral fan ûnderop brûkt, en better kinst it net krije, seit se. “In taal dy’t digitaal brûkt wurdt, stjert gjin dea.”

Selsbewust of selsrjochtfeardiging
Neffens Bert Looper fan Tresoar moatte ynstituten as Tresoar, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy folle frijer bewege yn de nije multymediale en kulturele kontekst. Net tinke út ferdigening of benaudheid wei. Tagelyk sjocht hy ek de spanning tusken it Frysk brûken út selsbewustwêzen of selsrjochtfeardiging wei.

Fryslân DOK: Dit is ús taal
De dokumintêre is snein 15 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. Ek te sjen op sneon 14 septimber om 15.30 oere en snein 15 septimber om 13.00 oere op NPO 2. De dokumintêre is makke yn opdracht fan it mediaplatfoarm Finster op Fryslân en mei mooglik makke troch Lân fan taal, yn it ramt fan de neilittenskip fan LF2018.

Picture Poems
Yn itselde wykein, op 14 en 15 septimber, is ek de earste fan in searje Picture Poems te sjen op Omrop Fryslân en NPO 2. De Picture Poems sitte efter de dokumintêres fan Fryslân DOK en binne de kommende tolve wiken te sjen. Se besteane út koarte klips op Fryske gedichten.

Registraasje teätertoer De Hûnekop
Op sneon 14 en snein 15 septimber stjoert Omrop Fryslân om 22.00 oere ek de teätershow fan De Hûnekop út. De show sit fol mei muzyk, sterke ferhalen en in soad humor.

septimber 7, 2019 08:26
Skriuw in reaksje

15 opmerkingen

  1. Abe septimber 8, 21:41

    ,,Neffens Bert Looper fan Tresoar moatte ynstituten as Tresoar, Omrop Fryslân en de Fryske Akademy folle frijer bewege yn de nije multymediale en kulturele kontekst. Net tinke út ferdigening of benaudheid wei. Tagelyk sjocht hy ek de spanning tusken it Frysk brûken út selsbewustwêzen of selsrjochtfeardiging wei.”

    Dêr begryp ik hielendal neat fan. Dat programma mar ris besjen dus.

  2. Cor Jousma septimber 9, 12:22

    [út selsbewustwêzen of selsrjochtfeardiging wei] Ik haw ferline wike oer it ynternet it programma IepenUp mei Jenny Douwes sjoen. Dêr waard troch de ynterviewster o sa’n omtinken oan it swaaien mei de flagge by de snelwei-aksje jûn. No haw ik sels hielendal gjin Fryske flagge, mar wat is it ferskil tusken it âljen fan it Fryske folksliet by it Hearrenfean mei it yn myn eagen wat fier sochte swaaien mei dy flagge by in aksje tsjin KOSP. Yn beide situaasjes wurdt de klam lein op in identiteit dêr’t ik neat mei op haw.

    Dy identiteit hat west, is skiednis mar o sa nijsgjirrich om oer te lêzen en te witten. Mar de Fryske taal is der noch en te goed om wei. Neffens my hat dy taal ek genôch mooglikheden om njonken in steatstaal te bestean.

    Lêsten waard my frege hoe’t ik mysels omskriuwe soe. Doe haw ik dat dien mei de folgjende wurden. Ik bin in Frysktalige Nederlanner mei in iepen each foar Europa.

    Soe dat net ús nije identiteit wurde kinne?

  3. Kerst Huisman septimber 9, 13:15

    Blykber libbet dy Fryske identiteit, dy’t neffens dy, Cor Jousma, skiednis is, noch wol by Jenny en de blokkearfriezen, dy’t hast allegearre in stik jonger as dy binne.

  4. Cor Jousma septimber 9, 20:27

    Bêste Kerst, as ik goed nei Jenny harke haw dan hear ik in identiteit fan de Harkema, de Swarte Cross ensfh. Dêr is neat mis mei. Jo identiteit kin fansels meardere lagen hawwe, mar om dy no fêst te klinken oan dy Fryske identiteit dy’t ús troch de iuwen hinne stadichoan ûntglûpt is…

    Mei alle respekt foar Jenny tink ik dat as KOSP it feest yn Limboarch – ek in wat aparte regio – fersteure wollen hie, der ek wol immen op de barrikaden klommen wie. De “foarstanners fan SP” wiene der wol hast klear mei.

    It Iepenbier Ministearje hie him wat ynhâlde moatten, mar ja ien Fryske flagge op ‘e snelwei is no ienris wat oars as hûnderten Turkse op ‘e brêge… Neffens my hat benammen it Iepenbier Ministearje de suver al ferdwûne Fryske Identiteit wer oan dy pompeblêden keppele.

  5. Kerst Huisman septimber 9, 21:03

    Bêste Cor, Wa makket no eins út wat de Fryske identiteit is en hoe´t dy oplibbet? Dat binne dochs net yn it foarste plak om mar ris wat nammen te neamen: Philippus Breuker, Tony Feitsma silger, Roel Falkena of de lju fan de Omrop? Lit stean Rimmer Mulder? Of Cor Jousma? Ik ken dat fermidden fan dy blokkearders sa stadichoan hiel aardich en ik wit dat dat tinken dêr wol deeglik in grutte rol spilet. Mar dat is Harkema of swarte cross, seiste. No hat Jenny Douwes it yn de Neushoorn amper oer dat lêste hân mar sa ja, wat dan noch? Dan haw ik dat Harkemaster folk yn elk gefal leaver as al dy Djipbewegers, dy’t ‘pink-op-de-naad-van-de-broek’ opspringe as de Majesteit delkomt, want o, se soenen dat lintsje ris misse kinne. Sokke ‘Bewegers’ bin ik al tefolle tsjinkaam.

  6. Abe septimber 10, 13:47

    Alwer kin ik my goed fine yn wat Jousma nei foarren bringt. Jancko Douwama is dea, Kerst Huisman, en syn projekt mislearre. Fiifhûndert jier lyn. Regionaal separatisme, oft dat no in Frysk of in Noard-Nederlânsk jaske oan krijt, is hjoed de dei wat it is: romantyske fantasearderij, langstme nei tiden dy’t noait west hawwe en noait komme sille. Yntusken is der wol in aktuele, sosjale realiteit: in minderheidstaal dy’t beswykt ûnder de druk fan mediatisearring en globalisearring, in bestjoerselite dy’t it mar gewurde lit, en in grutte kliber taalsprekkers dy’t de eigen taal te min wurdearret om der noch foar te striden. Harkema-iaanske opstigings om sinteklaasmearkes te ,,rêden” helpe net by de soarch en de striid foar de taal. Earder oarsom, sok flachjeswaaien mei ûndúdlik doel liedt ôf fan it iennichste – it iennichste – dat Friezen ta Friezen makket: har taal.

    Hjoed in berjocht yn ‘e krante: de provinsje skaft de kursus Frysk foar Steateleden ôf, want net ien komt dêr opdagen. De folksfertsjintwurdigers dy’t wy kieze, tinke dat se it Frysk net noadich hawwe en net hoege te behearskjen. It Frysk – en dus de Frysksprekker ek – wurdt yn heger tempo as ea tefoarren marzjinalisearre. Politisy dy’t wy kieze yn ‘e hoop dat se dêr wat oan dwaan sille, ferkundigje op partij-byienkomsten mei in stielen gesicht dat ,,oare dingen as taal” belangriker binne (FNP). Ik kin my yntinke dat Fryske nasjonalisten dan út frustraasje Sinteklaas oankrûpe, mar wy – Frysktaligen, bedoel ik – kinne it ús net feroarloovje om de taalstriid derûnder strûpe te litten om’t Kerst Huisman yn syn neidagen noch mient kânsen te sjen foar regionaal separatisme. It each moat op de bal. De tsjinpartij skoart en skoart, en wy?

  7. Kerst Huisman septimber 10, 13:58

    Meneer De Vries, Ik ga mij vanaf nu in het Nederlands tot u richten. U heeft er helemaal niets van begrepen. Er zijn ook tal van Friezen die Uw op taalapartheid gericht streven helemaal niet delen. U als hondstrouwe dienaar van de corrupte oranjemonarchie zal dit zonder twijfel zeer waarderen. Vandaar.

  8. Cor Jousma septimber 10, 18:09

    [dy’t hast allegearre in stik jonger as dy binne.] Ik hoopje dat dy jongerein as se krekt sa âld as my is wat minder hecht oan dy identiteit en wat mear mei de Fryske taal hat en docht.

    Fansels fyn ik it ek aardich as ik oer Sealterlân hear dat de jongerein dêre mear omtinken foar it Sealterfrysk krijt. Dat Sealtersk is ommers in tûke oan deselde Fryske taalbeam. Mar om dy Sealtersken en ús Friezen no yn ien identiteit te jitten, dat heart foar my ta de dreamerij fan de jongerein. En dy wol en sil ik harren net ûntnimme, mar it bliuwt foar my dreamerij…

  9. Jabik septimber 12, 11:22

    Abe en Cor, ik bewûnderje jimme moed om Kerst fan replyk te tsjinjen. Ik ha dy net mear. Lit him rêstich mei syn Fryske flachjes swaaie en syn Fryske bloed besjonge. Ik ha al earder sein: “ik wol dêr net by hearre”.

  10. Eric septimber 12, 17:08

    Mar minsken, hoe tinke jimme dat de Fryske taal oerlibje kin yn de sintralisearre Hollânske steat???? Den Haach docht gjin klap foar it Frysk, en dan ôfjaan op de provinsjale polititisy, of in lytse partij as de FNP. Dat liedt de oandacht ôf fan de wiere ferantwurdlike machtshawwer: de Haachske oerheid. De provinsje hat amper wat te sizzen, dy kin men net ferantwurdlik stelle.

  11. eala35 septimber 12, 19:19

    Boppedat sitst mei in hiel part net-Friezen yn Fryslân. Tel dêr nochris in grutte kloft sleauwe Friezen by op (dy’t alles dat Frysk is mar oerdreaun fynt/ allinnich mar Frysk prate wol mei famylje), hoe woest ea it Frysk normalisearre krije at in grut part fynt dat it de muoite net wurdich is? Do silst wol in Frysksinnich bestjoer hawwe moatte, dat dan saken ôftwingt. Krekt sa’t dat yn Kataloanje of Wales giet. Mar dêr binne hjir guoddens o sa benaud foar, saken ôftwinge om jins eigen te beskermjen.

    Sûnder in stik ôftwinge, sil it Frysk nea syn fertsjinne plak krije. Wurdt it Frysk sichtberder, ûnderwiis deryn better (en foar elts, ek de net-Frysktaligen!) dan hat it in kâns fan slagjen. Mar dan moatst al doare te sizzen tsjin de net-Frysktaligen dat sy ek ús taal leare MOATTE, sa’t wy harren taal leare MOATTE.

    De sêfte hân, sa’t wy it oant no ta mei dogge, jout gjin donder. It Frysk draaft efterút, yn kwantiteit en benammen o sa yn kwaliteit. Ik wol saken yn it Frysk hawwe, lêze, skriuwe. Frysk moat foar in Fries de normaal wêze, mar hoefaak lês ik net heal Hollânsktalige of folslein Hollânsktalige berjochten fan myn Frysktalige skoansuster, broers, ensfh. ensfh.

  12. Kerst Huisman septimber 13, 14:14

    Abe de Fries! O nee, De Vries! Do soest dy noris wat better ferdjipje moatte yn wat ik allegearre skreaun haw. Hoecht oars net hear, mar it is wol needsaaklik as’t wat oer my sizze wolst. Want út dyn opmerking docht al wer foldwaande bliken dat’st dat net dien hast. Ik haw echt net Jancko Douwama oanhelle as foarbyld. It giet by my altiten oer tinkbylden, dy’t libje yn moderne rûnten as de Europeeske Frije Alliânsje en ek by de regionale fakbeweging yn Noard-Nederlân. Ja, ek dêr. Ja, as jo allinnich sitte te studearjen op Waling-Om of de Halbertsma’s, dan hawwe jo dêr fansels yn de fierste fierte gjin each foar, want dy moderne organisaasjes bestienen doe noch net. Abe syn stânpunten liede tefolle nei in systeem fan Taal-Apartheid. Dat liket o sa stoer en prinsipieel, en Abe is fansels o sa suver op de graat, mar it bringt ús, en wichtiger: ek ús taal, nearne. Taal op himsels, dêr meitsje minsken (en dus ek Friezinnen en Friezen) har meastal net sa botte drok om, mar as it ek giet oer dingen dy’t minsken (dus ek Friezinnen en Friezen) fuortdalik yn it hert reitsje, dan wolle se wol yn beweging komme. Dyn hâlding is dy fan in tipyske sektarier. Moai foar jo eigen suverheid en jo dreamen oer it Djipfryske Hjirneimiels, mar ik bin mear fan de echte minskewrâld, dus ek fan de wrâld fan de echte Friezinnen en Friezen.

  13. Kerst Huisman septimber 13, 15:08

    Achte tafersjochhâlder by It Nijs, Op syn minst al in heal oere lyn haw ik in ynhâldlike reaksje nei It Nijs tastjoerd op de bydrage fan Abe de Fries (o nee, De Vries). Ik soe wol graach witte wolle of’t dat noch publisearre wurdt. Sa lang hoecht jo stinnen dêroer dochs net te duorjen? Freonlike groetnis, lykas always, Kerst

  14. Kerst Huisman septimber 15, 18:31

    Fansels hie ik fuortdalik al reagearre op de wat ûnberoaide opmerking fan Abe. Oer de leeftiid te begjinnen wylst ik al mei dy tinkbylden dwaande wie doe’t ik noch jonger wie (44) as Abe no. Mar om de ien of de oare nuvere reden kaam myn stik der net op, wylst ik wol by herhelling hieltiten de melding krige dat ik it al ris ynstjoerd hie. Dêrom no sawat deselde reaksje, mar no mei in ynlieding, sadat de kompjoeter dit as in oar stik sjen sil. Wat it ek is, fansels. Mar ik hie dit skreaun: Abe de Fries! O nee, De Vries! Do soest dy noris wat better ferdjipje moatte yn wat ik allegearre skreaun haw. Hoecht oars net hear, mar it is wol needsaaklik as’t wat oer my sizze wolst. Want út dyn opmerking docht al wer foldwaande bliken dat’st dat net dien hast. Ik haw echt net Jancko Douwama oanhelle as foarbyld. It giet by my altiten oer tinkbylden, dy’t libje yn moderne rûnten as de Europeeske Frije Alliânsje en ek by de regionale fakbeweging yn Noard-Nederlân. Ja, ek dêr. Ja, as jo allinnich sitte te studearjen op Waling-Om of de Halbertsma’s, dan hawwe jo dêr fansels yn de fierste fierte gjin each foar, want dy moderne organisaasjes bestienen doe noch net. Abe syn stânpunten liede tefolle nei in systeem fan Taal-Apartheid. Dat liket o sa stoer en prinsipieel, en Abe is fansels o sa suver op de graat, mar it bringt ús, en wichtiger: ek ús taal, nearne. Taal op himsels, dêr meitsje minsken (en dus ek Friezinnen en Friezen) har meastal net sa botte drok om, mar as it ek giet oer dy taal yn kombinaasje mei dingen dy’t minsken (dus ek Friezinnen en Friezen) fuortdalik yn it hert reitsje, dan wolle se wol yn beweging komme. Dyn hâlding, Abe, is dy fan in tipyske sektarier. Moai foar jo eigen suverheid en jo dreamen oer it Djipfryske Hjirneimiels, mar ik bin mear fan de echte minskewrâld, dus ek fan de wrâld fan de echte Friezinnen en Friezen.

  15. Abe septimber 24, 19:25

    Dit is ús taal. Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Al sokke klisjees en blurps foarmje in reekgerdyn foar de trochgeande oanfal op it Frysk. Der is op advys fan de Afûk in kommisje fan trije oanwiisd foar it finen fan de twadde Dichter fan Fryslân. Dêryn sitte fansels, behalve de earste Dichter fan Fryslân, in Hollânsktalige skriuwer (Job Degenaar) en in r&b-muzikante (Michelle Samba). It moat meartalich en it moat mei muzyk. Eksit Frysk, eksit Fryske poëzij, eksit literatuer. Watfoar sneldyk soe der aansen blokkearre wurde?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.