Dielnimmers Digy-Taalhûs bringe poëzijbondel út

septimber 9, 2019 08:13

Ofbylding: Digy-Taalhûs

De dielnimmers fan it Digy-Taalhûs Harns en Dokkum hawwe de ôfrûne perioade wurke oan in poëzijbondel, mei de tiel Dichterbij, Tichterby. Biblioteek Noard Fryslân hat yn acht fêstigings op ’e fêste wâl in Digy-Taalhûs dêr’t ynwenners fan Noard Fryslân terjochte kinne om harren basisfeardichheden lykas lêzen, skriuwen en wurkjen mei de kompjûter ferbetterje kinne.

De bondel is in samling fan gedichten yn ferskate talen. De kursisten mei in bûtenlânske eftergrûn hawwe harren gedicht yn ’e memmetaal skreaun, lykas it Arabysk en Taisk, mei dêrneist in Nederlânske oersetting. De gedichten binne basearre op de libbensûnderfinings fan de dielnimmers.

Presintaasje poëzijbondel Dichterbij, Tichterby op toernee

De poëzijbondel sil op ferskate plakken presintearre en oerlange wurde:
Tiisdei 10 septimber om 14.00 oere ûntfangt boargemaster Bert Wassink it earste eksimplaar fan de poëzijbondel yn de biblioteek fan Skylge.
Woansdei 11 septimber om 10.30 oere kriget wethâlder Boukje Tol fan gemeente Waadhoeke it eksimplaar yn bibliotheek Frjentsjer oerlange.
Woansdei 11 septimber om 11.00 oere folget biblioteek Harns, dêr’t wethâlder Hein Kuiken de poëzijbondel ûntfangt.
Woansdei 11 septimber om 19.00 oere sil yn biblioteek De Westereen, nei de lêzing Súksesferhalen, in eksimplaar fan de bondel oerlange wurde oan wethâlder Gerben Wiersma.
Tongersdei 12 septimber om 10.00 oere by it Digy-Taalhûs yn biblioteek Dokkum, sil wethâlder Pytsje de Graaf oanwêzich wêze om it eksimplaar yn ûntfangst te nimmen.
Woansdei 18 septimber fan 14.00 oant 15.00 oere sil neist it ûndertekenjen fan it Taalakkoart, de presintaasje fan it Digy-Taalhûs Plus en de fernijde biblioteek Surhústerfean, ek it earste eksimplaar fan de poëzijbondel yn de gemeente Achtkarspelen oerlange wurde oan wethâlder Jouke Spoelstra.

Digy-Taalhûs
Yn Nederlân binne likernôch 2,5 miljoen minsken dy’t muoite hawwe mei de Nederlânske taal. It Digy-Taalhûs yn de biblioteek helpt minsken dy’t muoite hawwe mei lêzen, skriuwen, rekkenjen of kompjûterjen. Dat wurdt dien troch it oanbieden fan in taalmaatsje dy’t de dielnimmers begeliedt, selsstannich of yn in groepke. Dêrneist stipet it Digy-Taalhûs mei middels, lykas oefenprogramma’s op de kompjûter, in oanpaste kolleksje nijsgjirrige boeken yn ienfâldich Nederlânsk, noflike wurkplakken en begelieding, mar foaral ek in sosjaal moetingsplak om by te praten.

septimber 9, 2019 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.