Demonstraasje tsjin Frânske fantasijnammen foar Bretonske strjitten

septimber 23, 2019 01:21

Flagge, wapen en lizzing fan Bretagne. Boarne: Wikipedia.

Strjitten sûnder namme binne net praktysk foar de postrinder. Boppedat wit de bestjoerder fan in ambulânse net wêr’t er hinne moat as in strjitte gjin namme hat. Tiid dêrom om 32 anonime strjitten yn it stedsje Terrug/Telgruc-sur-mer fan nammebuordsjes te foarsjen. Dat wie it betinken fan it gemeentebestjoer.

Allinnich: de strjitten mochten dan gjin buordsjes hawwe, yn ’e folksmûle hiene se wis wol nammen. Bretonske nammen. En de nije, offisjele nammen binne yn it Frânsk. Dy nammen hawwe sels neat te krijen mei de tradisjonele Bretonske nammen, dy’t ferwize nei heuvels of gebouwen. Ta lilkens fan ’e ynwenners wurdt ien fan ’e âlde strjitten sels Rue des pélicans neamd, wylst der yn it stedsje gjin pelikaan te finen is.

Neffens Yann-Bêr Kemener, foarsitter fan de pleatslike histoaryske feriening, hiene de strjitten Bretonsktalige nammen krije moatten. It gemeentebestjoer wie lykwols bang dat Frânsktalige postrinders en ambulânsebestjoerders dy net begripe soene. De Bretonske taalbeweger Paolig Combot neamt dat yn tiden dat auto’s navigaasjesystemen hawwe ûnsin. Hy wiist derop dat der yn Frankryk ek strjitten binne mei Baskyske en Dútske nammen en dat minsken dêr it paad ek fine kinne.

Seishûndert tsjinstanners demonstrearren ferline wike tsjin de nije nammen, dy’t hja “ferfrânsking” neame. Boargemaster Dominique le Pennec seit dat dêr gjin sprake fan is, om’t der neat “ûntbretonske” wurdt. “De strjitten hiene noch gjin namme”, seit er. Neffens him sil de gemeente ûndersykje oft it mooglik is om de nije buorden twatalich Frânsk-Bretonsk te meitsjen.

Twatalige ferkearsbuorden (Frânsk en Bretonsk) yn Bretagne.

 

 

septimber 23, 2019 01:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.