Deaden troch orkaan Dorian op Bahama’s

septimber 3, 2019 11:27

Orkaan Dorian hat fiif libbens easke op de Bahama’s. De orkaan feroarsaket grutte oerstreamings op de eilannegroep. Op bylden op sosjale media is te sjen hoe’t minsken nei de souder flechtsje foar it kolkjende wetter. Folsleine wenwiken op de eilannen binne ûnderstrûpt troch in protte reinwetter en stoarmfloed.

Foto: pixabay.com

Benammen it eilân Grand Bahama is swier troffen. Op it stuit lûkt de orkaan tige stadich, mei in faasje fan inkelde kilometers yn ’e oere en wynpûsters oant 250 kilometer yn ’e oere, oer it eilân. De premier fan de Bahama’s, Hubert Minnis, sprekt fan in histoaryske trageedzje en in protte skea. It Reade Krús rûst dat yn elts gefal 13.000 wenten skansearre of ferneatige binne. De helporganisaasje hat hûnderten frijwilligers mobilisearre yn it rampgebiet.

Nei alle gedachten sil de orkaan nei it noardwesten ôfbûgje en de kommende dagen ûnder oare gefaarlik ticht by de eastkust fan Floarida komme. Mear as in miljoen minsken yn de steaten Floarida, Georgia en Súd-Carolina moatte dêrom út foarsoarch harren huzen ferlitte.

septimber 3, 2019 11:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.