De Alvestêdetocht op ‘skikes’

septimber 4, 2019 12:52

De Alvestêdetocht is al op withoefolle wizen folbrocht, lykas op redens, fytsend, rinnend, mei de auto en fansels swimmend. Mar net earder sa’t de Friezen Tjitte Dijkstra en Ton Visser it fan 12 septimber ôf dwaan wolle: op saneamde ‘skikes’.

Foto: Tjitte Dijkstra/Tjitfit

Dijkstra (1965, Sint Jabik) en Visser (1965, Snits) binne sûnt fan ’t maitiid yn training foar harren ‘tocht der tochten’. Yn it ferline studearren se ôf oan de Akademy foar lichaamlike Opfieding yn Grins, mar se bedarren yn banen as organisaasje-adviseur en optometrist yn Grins en Twinte. Lykwols, it ferlet fan fysike ynspanning bleau en dat brocht de freonen foarich jier ta it beslút om de Alvestêdetocht te folbringen op cross skates sa’t se offisjeel hjitte, mar troch de brûkers sels ‘skikes’ neamd wurde.

De skike liket op in krusing tusken in rolsky en in skeeler. Foar Dijkstra en Visser is it dé manier om sa folle mooglik de rûte fan de echte Alvestêdetocht fan 200 kilometer ôf te lizzen. Cross skaten is tige leabrekkend. De trochsneed faasje leit op sawat 13 kilometer de oere en de tocht sil dan ek net yn ien dei riden wurde. Tongersdeitemoarn 12 septimber is de start oan de Boksumerdyk yn Ljouwert. De Bonkefeart hoopje se snein 15 septimber te berikken om sawat 15.00 oere.

Cross skate
It cross skaten is ûntstien as simmersk alternatyf foar it langlaufen yn de bergen. It is in soarte fan skeelerjen mei langlauftechnyk. Krekt as by it langlaufen brûke jo by it cross skaten stokken as stipe by it ôfsetten. Cross skates hawwe in langere tsjilbasis as skeelers en jo steane leger en dêrmei steviger en stabiler op de tsjillen. Mei luchtbannen en de ynboude rem kinne jo mei cross skates al gau feilich de dyk op en binne jo minder ôfhinklik fan de waarsomstannichheden en ûndergrûn.

 

septimber 4, 2019 12:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.