Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 30

septimber 11, 2019 08:13

Komt TEO út de Pikmar?

Kollum

Hearde ik okkerdeis fan in kenner it ferhaal dat goed hûndert jier lyn de pleatslike iisferieningen al fóár de winter útmakken wannear’t de hurdrydwedstriden op de iisbanen yn Fryslân holden wurde soene. Der wie yn dy goede âlde tiid sa’t it liket yn bepaalde perioaden altyd iis. Dat is no foarby ta grut fertriet fan de echte djipfriezen. De lêste fyftjin jier is yn Fryslân de trochsneed temperatuer neffens klimaatprofessor Pier Vellinga mar leafst twa graden omheech gien. Gjin wûnder dat we al lang gjin Alvestêdetocht mear hawwe. De lêste wie op 4 jannewaris 1997, alwer sawat 23 jier lyn. Mar lykas oeral: elk neidiel hat syn foardiel.

It oerflaktewetter hat dêrmei ek in hegere temperatuer krige. En sa komt TEO om ’e hoeke. TEO stiet foar Termyske Enerzjy út Oerflaktewetter, of eins foar de Hollânske wurden dêrfoar. In pear doarpen yn Fryslân binne dêr al mei dwaande. TEO hâldt yn dat der yn de simmer waarmte wûn wurdt út kanalen of marren. Dat giet mei in waarmtepompen. Dy kuolje it oerflaktewetter troch der waarmte út te heljen. Dy waarmte wurdt op in hegere temperatuer wer ôfjûn oan in foarried wetter yn de grûn. Dy waarmte kin dan winterdeis brûkt wurde om huzen en oare gebouwen te ferwaarmjen. In oantal gebouwen yn Fryslân hawwe dat systeem al: it Beursgebou yn Ljouwert, it Ziggo-gebou en in stikmannich huzen yn Fryslân, wêrfan ien meikoarten yn Akkrum. Yn Heech binne se lykwols it fierst foarút mei it sa ferwaarmjen fan in grut part fan it doarp, om fan it ierdgas ôf te gean.

It foardiel fan dy systemen is dat de wenning yn de simmer kuolle wurde kin mei oerflaktewetter. Fryslân hat in grutte potinsje foar dy foarm fan enerzjy. Benammen doarpen oan trochstreamend bûtenwetter binne dêr tige geskikt foar. Yn de wenten moat dan wol in foarm fan lege temperatuerferwaarming oanlein wurde, bygelyks flierferwaarming.

De kommende fiif jier sille wy dêr yn Fryslân noch in soad fan hearre, omdat it finansjeel in oantreklike opsje liket te wêzen. Yn Heech giet it fan de lokale enerzjykoöperaasje út. Waarmte út de Hegemer Mar. Alle huzen moatte dan oansletten wurde op it lokale waarmtenet. Dat is dus noch in hiel karwei. Mar as it ienris oanlein is en it wurket, dan binne de enerzjykosten folle leger as wy no foar waarte troch ierdgas betelje.

Der is noch in foardiel: it oerflaktewetter wurdt ôfkuolle. Min nijs foar swimmers yn bûtenwetter, mar goed nijs foar reedriders! In Alvestêdetocht soe wolris tichter by komme kinne! Lit ús mar begjinne mei it ôfkuoljen fan de iisbaan. Us bern wolle ek noch wolris in baantsje lûke yn de bûtenlucht.

Lit TEO mar skowe!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

septimber 11, 2019 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.