Boargemaster gemeente Waadhoeke slút drugsperseel

septimber 14, 2019 10:39

Foto: pixabay.com

De boargemaster fan de gemeente Waadhoeke hat freed yn Frjentsjer in perseel sletten fanwege it oantreffen fan ferdôvjende middels.

Op tiisdei 30 july hat de plysje in ynfal dien by in wenpleats yn Frjentsjer. Dêrby waarden ferskate kweekromten oantroffen. Yn in stikmannich kweekromten wiene al himpplanten oanwêzich. Yn de oare romten wiene de tariedende hannelingen foar it ynrjochtsjen fan in himpkwekerij útfierd. Nei oanlieding fan dy fynst makke de boargemaster gebrûk fan har foech om op basis fan artikel 13b fan de Opiumwet it perseel te sluten. Fanwege de omfang en slimmens fan de situaasje jildt de sluting foar in perioade fan tolve moanne.

De gemeente lit witte dat de sluting bydraacht oan it ferminderjen fan de drugskriminaliteit en dêrmei it fergrutsjen fan de feiligens en de leefberens yn de maatskippij.

septimber 14, 2019 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.