Bmarine yntrodusearret ‘miny’-superjacht Seafaring 34 by Hiswa te Wetter

septimber 5, 2019 09:06

De Seafaring 34 is ûntwikkele as antwurd op de tanimmende fraach nei motorjachten mei in tige leech enerzjyferbrûk, minimale ûnderhâldskosten en komfortabel fargedrach. Bmarine út Grou hat de primeur en yntrodusearret it lúkse jacht fan ’t simmer yn Nederlân. Mei in panoramysk útsjoch fan 360° en in effisjint gebrûk fan beskikbere romte fielt de Seafaring 34 oan as in ‘miny’-superjacht.

Seafaring 34 (foto: Bmarine)

De Seafaring 34 is B-sertifisearre en dus seeweardich. En de Seafaring is ien fan de meast duorsume motorjachten fan dit momint. Troch de nij ûntwikkele en effisjinte rompfoarm is it brânjeferbrûk fan de boat tige leech. It enerzjyferbrûk is ek effisjint. Benammen wannear’t keazen wurdt foar sinnepanielen hat men altyd genôch stroom oan board. It skip wurdt standert levere mei in Yanmar 8LV3420 mei 320 pk, dêr’t in maksimale faasje fan 18,5 knopen (krúsfaasje: tsien knopen) mei helle wurde kin.

It Fryske Bmarine is de eksklusive ymporteur fan de Seafaring 34 en syn gruttere bruorke, de Seafaring 44 (lingte 14,5 meter). De levertiid fan de lúkse jachten is sa’n trije moanne. De klant hat kar út ferskate opsjepakketten, sadat elts skip custom-made levere wurdt.

Beide skippen binne te besjen op de Hiswa te Wetter 2019, fan 4 oant en mei 8 septimber yn Batavia Haven Lelystêd.

septimber 5, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.