‘Bestoarming’ Area 51 ferrint rêstich

septimber 21, 2019 09:15

De oankundige ‘bestoarming’ fan de loftmachtbasis Area 51 yn de Amerikaanske steat Nevada ferrint oant no ta tige rêstich. Der binne trije minsken oppakt: ien omdat er it terrein fan de basis op gie en twa fanwege harren provokatyf hâlden en dragen en alkoholmisbrûk.

Foto: pixabay.com

Oant no ta binne neffens rûzing sa’n 2300 minsken nei de omjouwing fan Area 51 ta kaam, nei oanlieding fan in oprop op Facebook om de basis te ‘bestoarmjen’. Guon beweare dat der op it terrein ufo’s en bûtenierdske wêzens te sjen binne. Op it neamde tiidstip fan 15.00 oere lokale tiid wiene der likernôch 150 nijsgjirrige minsken by de swier bewekke yngong fan it kompleks, mar fan in bestoarming wie gjin sprake. Neffens lokale autoriteiten komme de oanwêzigen allinnich mar om te sjen wat der bart en om wille te meitsjen. Guon binne ferklaaid yn romtepakken of as bûtenierdske wêzens.

Op it terrein wurde fleantugen test en manskippen treend, mar it kompleks wie lange tiid omjûn mei heimsinnigens en geroften. Pas yn 2013 joech de oerheid it bestean derfan offisjeel ta. Ut iepenbier makke argiven fan de CIA die bliken dat der temûk oan spionaazjefleantugen wurke waard.

Ferline wike waarden twa Nederlânske youtubers oppakt doe’t se harren op Area 51 bejoegen. Hja hiene kamera’s, in laptop en in drone by har om opnamen fan it gebiet te meitsjen. Hja seine sels dat se gjin kweade bedoelings hiene, mar in Amerikaanske rjochtbank feroardiele harren ta it beteljen fan in boete fan 4560 dollar.

septimber 21, 2019 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.