Aapke Aram: it ferhaal efter de poppe-orang-oetan fan Naturalis

septimber 4, 2019 07:54

Oer minske, bist en (ûn)skuld, dokumintêre fan 50 minuten.

In meiwurker fan it natuerhistoaryske museum Naturalis fynt yn de kolleksje in lang fergetten fet. Net ien fan syn kollega’s wit wat der yn de plestik tonne sit, mar nei’t er it lid derôf hellet om te sjen wat deryn sit, docht er in oandwaanlike fynst: op ’e boaiem leit, sa liket it, in lyts jonkje te sliepen. It blykt in poppe-orang-oetan út Borneo te wêzen, ein 19e iuw sammele troch Johann Büttikofer. Wat, sa tinkt de meiwurker, moatte wy no dwaan mei dit prachtige, oandwaanlike bist?

Aapke Aram (foto: Bureau Voorlichting)

Yn de NTR-dokumintêre Aapje Aram siket in groep wittenskippers nei antwurden. Ien antropolooch, in primatolooch, in evolúsjebiolooch en in museumdirekteur reizgje, elk harren eigen rûte del, nei de kegelfoarmige berch Kenepai op Borneo. Dat is it plak dêr’t it aapke deagie. It is in reis nei de oare kant fan de wrâld, mar foaral ek in reis troch de tiid. Wêr kaam Aram, sa’t it aapke neamd wurdt, wei? Hokker bân hawwe de lokale Dajaks mei de orang-oetan? En libje der no noch orang-oetans yn it gebiet?

Aapje Aram is produsearre troch Bureau Voorlichting yn gearwurking mei NTR en Naturalis ûnder rezjy fan Bas Zwartepoorte.

Utstjoering: sneon 7 septimber 2019, 21.05 oere, NPO 2

septimber 4, 2019 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.