Aant Mulder: Sa sâlt ha ’k it nea…

septimber 3, 2019 07:00

Kollum

Sa sâlt ha ’k it nea earder fretten, sa seine we dat alteast, hoewol’t no kreas yn ’t wurdboek stiet: Sa sâlt ha ’k it nea earder iten. Dizze kollum giet dus oer sâlt, om’t we meikoarten hjir in ynternasjonaal kongres oer sâlt ha. Ik doel op it kongres fan de Waadakademy ‘Saline Futures’ fan 10 oant 13 septimber yn Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dêr sille sa’n twahûndert saakkundigen mei-inoar yn petear oer de fersâltingsproblemtyk te uzes. Omtinken foar oplossingen foar de lânbou yn de lannen om Waad- en Noardsee hinne steane sintraal. Dat kin ik allegearre wol folgje, mar dat we leare moatte fan saakkundigen út ûnder oaren Australië, Bangladesj, Senegal en de Feriene Steaten wei hoe’t it oars en better moat, dat fernuveret my mear as in bytsje. En dochs stiet dat der. Dat dêrom de opmerking: Sa sâlt ha ’k ha it nea earder iten.

 

Terp Hegebeintum

Ik ha it berjocht oer dy konferinsje in pear wike ferlyn op It Nijs lêzen, mar dat artikel hie daliks gjin sâlt fanneden (koe wol efkes wachtsje). Likegoed wol ik net mei it sâlt komme as it aai op is (der te let oer skriuwe), dat it wurdt tiid foar in pear aaien mei sâlt (snjiddige opmerkingen) of sels in bokking mei sâlt (stek ûnder wetter). Eins hie ’k oare doelen mei dizze kollum, dat it past my as sâlt yn in siik each en skriuw der no oer (it past my min). Likegoed bin ik wat dat oanbelanget sa stadichoan wol aardich yn ’t sâlt bebiten (ha der wol handichheid yn). Ik bin op ’t lêst ek net fan sâlt ( ik rêd wol mei swierrichheden). Om’t jimme sa stadichoan wol aardich witte wat jimme oan my ha, hoege we earst net mear in healsek sâlt mei-inoar op te iten (inoar goed kennen te learen). Hawar oan ’t safier, oars duorret it allegearre te lang en kin ik mei dizze kollum it sâlt yn ’e sûpenbrij net fertsjinje. Ik ha sa aardich wat kearen it wurdsje sâlt brûkt. Dat betsjut dat it ús eigen is en dat we dus wol hiel wat fan sâlt ôf witte, oars soe ’t net sok gongber taaleigen wurden wêze.

Fansels witte we fan alles en noch wat oer sâlt. De Friezen, de earste bewenners fan dizze omkriten, dat wiene boeren en fiskers. Doe’t se hjir kamen, seach it der allegearre drûch en fruchtber út. Dat hat gjin skoften duorre. It wetter kaam heger en heger. De bewenners smieten terpen op en holden sa drûge fuotten. It gewaaks op it lân kaam hieltyd faker ûnder wetter te stean. Sâlt wetter! Dy Friezen fan doe moatte dêr lêst fan hân ha, mar se ha der mei rêden. It hat alle kâns dat it gewaaks troch de iuwen hinne dy sâlte omstannichheden hieltyd better ferneare kinnen hat. Dat de diken in grutte ferbettering betsjutten foar de feiligens en foar de lânbou, dat sil dúdlik wêze, mar de fersâltingsproblematyk wie fansels net foarby. It gie earst om lytse polders, dêr’t de diken faak en folle fan brutsen. Dat hie oerstreamingen fan gefolgen. Sa kaam it sâlte wetter kear op kear werom. Dat hat duorre oant hast hiele Nederlân bedike wie, oan Suderseewurken, Lauwersmar en Deltawurken ta. Tink mar oan: de Alderheljenfloed fan 1170 (mar der wiene mear mei deselde namme), de Sint-Elisabetsfloed fan 1421, de Krystfloed fan 1717, de Stoarmfloed fan 1916 en fansels de Wettersneedramp fan 1953. Wy tochten dat we it sâlte wetter de baas wurden wiene. Dat we dwaan en litte koene wat we woene. Dat wie oan 1953 ta dus net sa. Dat is no eins noch net sa.

Datselde jildt foar it seewetter fan no,
dat heger en heger komt te stean wylst de grûn tagelyk sakket.

Tagelyk komt dat âlde sâlte seewetter ommers as grûnwetter faker omheech. Datselde jildt foar it seewetter fan no, dat heger en heger komt te stean wylst de grûn tagelyk sakket. Dat âlde en nije seewetter komt as grûnwetter dus hieltyd makliker nei boppen ta. Tagelyk falt der minder reinwetter en streamt der minder rivierwetter diskant út. Dêr komt by, dat we mear brûke en it oare wolle we sa gau mooglik kwyt. Dat soe net moatte. It moat de grûn yn sakje kinne om sa ús wetterfoarried op peil te hâlden. Dat komt der net fan. Wy helje mear út ‘e grûn as dat der ynkomt. Der bliuwt hieltyd minder oer.

Produksjebedriuw Vitens Spannenburch

Dêrom ha we dus ek wol ferstân fan sâlt en fersâlting. Dat sâlte wetter fan earder en letter hat makke, dat der sâlt yn ’e grûn sit, net te min. Dat komt goed fan pas, want sâlt is wichtich foar konsumpsje en konservearring. Om oan sâlt te kommen, waarden yn de midsiuwen klynlagen, dy’t ûnder wetter stien hiene, ôfbrând om der sâlt út te heljen. Doe’t dat te mâl gie, om’t dy ôfgravingen wer oerstreamingen fan gefolgen hiene, waarden oare produksjemetoaden socht en fûn. Der kamen sâltsiederijen dêr’t fan ymportearre smoarge sâltkerlen en siedend seewetter wer sâlt makke waard dat goed yn de húshâlding brûkt wurde koe. Wer letter waard sâlt gewoan út ’e grûn helle. Dat begûn om 1919 hinne mei AKZO by Boekelo en krige suver yn 1996 yn Frisia/Frimo by Harns syn fuortsetting. Dat ik soe sizze, wy witte alles fan sâlt! Of net dan!

Mar it giet fansels earst en meast om planten dy’t oer sâlt kinne, oer halofiten en sa. It wurdboek hat wol foarbylden: sâltblommen, sâltgers, sâltkrûd, sâlt weversblêd, en seestikel, seesurk, seewetterbûterblommen of smjuntegers. Troch it ferline witte we wol aardich wat sâlt mei gewaaks docht. Mar, we wenje dus ek yn omkriten mei hjoeddeiske planten dy’t oer sâlt kinne. Dêr witte we ek hiel wat oer. Mei safolle kennis oer sâlt yn ‘e grûn en yn planten fernuveret it my dat saakkundigen rûnom wei hjirhinne komme om ús te fertellen hoe’t we mei fersâlting en lânbou omgean moatte. It is dêrom dat ik sei: Sa sâlt ha ’k it nea earder iten!

Foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 31 augustus yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 3, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.