Aant Mulder: Hoanne, hâld dy de snaffel

septimber 17, 2019 07:00

Kollum

Hoanne hâld dy de snaffel! De tiid dat hast elkenien yn en om de doarpen op it plattelân wol in pear hinnen mei in hoanne hie, is foarby. It wie sa’n aardichheid en men hie aaien. Hinnen waarden net holden om der better fan te wurden. De siswize is dúdlik. In hin is in sin en gjin gewin. Sûnt we net mear mei de hinnen op ’e stôk geane, is der gâns feroare. Wat gewoan wie, is in útsûndering wurden. Moudzjende hinnen sjocht men hast net mear, kraaiende hoannen heart men hast net mear. Op in pear nei is it stil wurden. Nij ynkommende doarpelingen, ornaris út de gruttere stêden wei, wolle leaver neat rûke, neat hearre, mar genietsje fan de rêst en de stilte. Jarjende en kúljende boeren witte dêr alles fan. Dy stedslju wolle gjin boereluchtsjes, gjin liedende klokken, gjin kraaiende hoannen. Dus hoanne, hâld dy de snaffel!

It begruttet my om dy bisten, dat se gauris de ferbitene hoanne binne (de skuld krije). Sy ha net folle mear om grutsk op te wêzen. Dat de siswize ‘Sa grutsk as in hoanne’ jildt faaks noch wol foar ús, mar net mear foar Bôke de hoanne. De measten wurde ommers daliks al ôfmakke om’t se fan gjin ekonomyske betsjutting binne. Dat falt te begripen as it om aaien giet. De lytse hoantsjes groeie lykwols net hurd genôch en de bonken binne te grou. Dat hinnepiken wurde ek foar kar nommen as it om fleis giet. Hoannepiken wurde massaal ferneatige. Dêr sjogge en hearre we it measte net fan. Dat spilet him allegearre ôf op grutte bedriuwen. Hinnepykjes dus! Likegoed kin dêr ek noch fan alles mei misbeteare. Yn in artikel oer in brân yn in hinnebuorkerij lies ik oer hûnderttûzen deade piken! Dus: brân, mar it kinne ek ynstallaasjes wêze dy’t it net dogge, sykten. Hawar, hoantsjes binne dêr dus net by, want dy binne ommers amper út it aai wei al deamakke. Dêr wurde mar in pear fan grut, dat is dúdlik. Hielendal sûnder kinne we lykwols net. Sûnder hoannen gjin piken. It hâldt wat yn om de útdrukking ‘In hin is in sin en gjin gewin’ om te kearen. In hin is net daliks in gewin!

Werom nei dy pear hoannen dy’t yn de bewenne wrâld omstappe, de hoannen dêr’t hieltyd mear minsken lêst fan krije. Dat moat wol, want der wurde rjochtsaken oer it hâlden en dragen fan hoannen holden. Aldergelokst lûkt de hoanne hast hieltyd noch oan de langste ein. Mar hoe lang noch? In pear foarbylden. Wy ha grif allegearre heard fan de hoanne Maurice út Saint-Pierre op Ile d’Oleron. De bazinne frou Corinne Fesseau genietet fan har hoanne en wol dat graach sa hâlde. Har buorlju tinke dêr oars oer. Dy fine, dat de hoanne te betiid, te lûd en te faak kraait. Dy buorlju, hoe soe ’t ek oars, binne pensjonearre lju út de grutte stêd dy’t dêr in pear kear jiers tahâlde. De rjochter hat besletten dat dy hoanne gjin striebreed yn ’e wei lein wurde mei. Dat gie oars yn Switserlân. Dêr bepaalde in rjochter dat in hoanne fan sneon op snein tusken tsien oere de jûns en acht oere de moarns him de snaffel hâlde moast. As jimme no tinke dat soks allinne mar yn Frankryk en yn Switserlân bart, dan ha jimme it mis. Us beide telefyzjerjochters kinne der ek wat mei. Frank Visser hat alris in kear in hoanne fuortstjoere litten en John Reid hat koartlyn in hoanne nei de oare kant fan in hiem ferballe.

In kukelekúteller om de sterkte en de frekwinsje fan it lûd te mjitten en te tellen soe net ferkeard wêze.

It giet alle kearen om hoe let, better sein hoe betiid, hoe faak en hoe lûd. Hoannen, dy’t it op dit stuit noch hiel aardich nei ’t sin ha, kinne sa stadichoan likegoed hieltyd minder harsels wêze. De bisten moatte langer yn tsjustere hokken. In kukelekúteller om de sterkte en de frekwinsje fan it lûd te mjitten en te tellen soe net ferkeard wêze. Wy kinne it ferdwinen fan de hoanne út ús bewenne wrâld grif noch wol in skoftke opkeare, mar ferdwine docht er. As it de nij ynkommers net binne, dan binne it de nije bistefreonen wol. Dy fine it al slim as in hoanne op grutte hichte yn in moaie romme koer in pear dagen let en set wurdt, sa’t se dat op Skiermûntseach dogge. Dyselden fine fansels dat in hoanne kraaie kinne moat, sa faak en sa lûd as er wol. Dan kinne rjochters grif net folle oars as dy bisten ferbiede. Fyftich desibel, dat is de grins, mar lis dat mar ris oan in hoanne út. It komt dus net goed. Dat as hoannen net ferneatige wurde, dan wurde se wol ferballe.

It betsjut dat de hoanne út it sicht rekket, in ûnbekende fûgel wurdt en dat wylst taaleigen en siswizen oer hoannen en alles wat dêrmei te krijen hat ús sa eigen is, of moat ik sizze ús sa eigen wie. It duorret grif gjin skoften mear dat we wurdsjes as hoannebiter (immen dy’t yn ’t strie wurket), hoanneboek (bernelêsboek), hoannekaam (mitsele finsterbôge), hoannepoat (min hânskrift), hoannestap (koarte ôfstân) net mear weromkenne.

Wat foar wurden jildt, jildt helte mear foar útdrukkingen en siswizen. In pear: Myn hoanne bret hjir net (Ik fiel my hjir net thús), De brette hoanne úthingje (De grutte man úthingje), Dêr kraait gjin hoanne nei (It bliuwt geheim), De hoanne is it sop net wurdich (It stelt neat foar), In frjemde hoanne op ’e matte (wol dúdlik, tink), As de hoanne in aai leit, kraaie de hinnen (As der in wûnder bart, sille der wol mear folgje). En: Earder kraaiden de hoannen en no gapje se, sei it âld wyfke, doe’t se dôf wurden wie. Sa soe ’t moatte. Hoannen soene gapje moatte, mar dat wurdt him fansels net. It is net oars.

Foto’s Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 17, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben mulder septimber 17, 17:13

    Moai stikje Aant mei in soad wierhyt. Lokkich kinne wy noch hieltiten fan in kraaiende hoanne genietsje, wy wenje deun by in hatrtekamp en dêr zitte hoannen , hinnen, pauwen en einen by yn. Moarns bytiid hawwe we dowen op’e naal fan it dak te te koeren. Wurd der net wekker fan en ik hear mei in protte nocht as ik wekker bin nei dy lûden. Dyn hoanne kraait kening, ek noch in sizwize.

    Jangerben.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.