Aant Mulder: Fryske buertapp

septimber 10, 2019 11:00

Kollum

Wy ha it gauris oer de sosjale media. Wy skriuwe, maile en skilje minder mei-inoar as wol west hat. Dy funksjes wurde ommers allegearre oernommen troch dy sosjale media. Facebook, Twitter LinkedIn binne foarbylden fan sosjale media dêr’t we allegearre eins wol ien of mear fan brûke. Ik doch dêr ek oan mei. Dizze kollum kin hiel âlderwetsk nei harke wurde (Radio Spannenburch) en it ferhaal kin ek lêzen wurde (ItNijs.frl). Dat lêste is dan wol digitaal, mar fan websiden is it nijste ek wol ôf. It binne op ’t lêst gjin sosjale media. Dat dêrom set ik sa gau as it kin dizze kollum op Facebook en Twitter en ik freegje my ôf oft dat wol genôch is. Dat soarte fan kommunikaasjemooglikheden fyn ik, fine we, gewoan as it om ôfstannen giet. Sa stadichoan wurdt lykwols dúdlik dat wat dat oanbelanget ôfstannen der hieltyd minder ta dogge. Noch efkes en dan geane de kontakten mei de buorlju fia dyselde sosjale media.

Programmaboekje feestwike Balk

Dy media dêr’t men goed yn hinne en wer prate kin, dogge it ommers foar wûnder. Dat binne SMS, Messinger, WhatsApp. Eins docht allinne WhatsApp derta. Foar SMS moat betelle wurde. Dat jildt net foar de beide oare. It soe wêze kinne dat Facebookbrûkers foarkar ha foar Messinger om’t dy twa dúdlik byinoar hearre. WhatsApp (sûnt 2014 likegoed fan Facebook) stiet mei oardel miljard aktive brûkers yn ’e moanne en sechstich miljard berjochten deis dúdlik op nûmer 1. It is fergees, want de saaklike brûkers betelje, en dêr fernimme we neat fan. In telefoannûmer en wifi-ferbining binne genôch om kontakt te lizzen en dan kinne berjochten oaninoar of oan groepen ferstjoerd wurde. Dy WatsAppgroepen binne slim populêr. Ik neamde berjochten, mar men kin likegoed foto’s, fideo’s en dokuminten ferstjoere. Men kin berjochten ynsprekke en gewoan mei-inoar skilje. Mar oft it sa bliuwt? Dat moat fansels altyd ôfwachte wurde.

Hoewol’t ik in protte mei WhatsApp doch, wie ik dochs in bytsje fernuvere doe’t de buorlju fregen om fia de WhatsApp kontakt te hâlden.

Ik bin ien fan dy oardel miljard brûkers. Ik bin entûsjast oer Whatsapp. De namme ferrifelet jin wat. Begjinners fernuverje har oer dat grutte ferskaat oan apps op smartfoane en tablet. Dy begripe net daliks it ferskil tusken apps en WhatsApp. Dat is lykwols gau útlein en dan hat WhatsApp der wer in klant by. It programma is sels sa populêr dat SeniorWeb de moanne septimber útroppen hat ta WhatsApp-moanne. Wa’t wol kin nei ien fan de ynrinsprekoeren, digitale kafees, temagearkomsten yn de biblioteken om mear ynformaasje te krijen. As meiwurker fan SeniorWeb Súdwest Fryslân soe ’k sizze: dwaan! Hoewol’t ik in protte mei WhatsApp doch, wie ik dochs in bytsje fernuvere doe’t de buorlju fregen om fia de WhatsApp kontakt te hâlden. Ho, dy lêste opmerking fan my is in bytsje te koart troch de bocht. Dy moat ik útlizze.

Wy wenje sa’n fjirtich jier yn deselde strjitte. Hoewol’t der yn safolle jierren fansels gâns feroaret, binne guon buorlju noch altyd deselden. De konteners by de dyk sette, túnkjen en sniefeien wiene en binne noch altyd gaadlike mominten om by te praten. Foar de feestwike, dy’t we krekt wer hân ha, kamen we altyd efkes byinoar. Dat begûn jierren ferlyn mei in barbecue. Letter waard dat mei-inoar kofjedrinke. Doe’t dat ophold, waarden we fia briefkes kreas op ’e hichte holden fan wat fan ús ferwachte waard as it om de feestwike gie. Dat liket no op te hâlden. Wy ha okkerdeis grif it lêste briefke krige. Yn dat briefke wurdt útsteld om as buert fierder fia WhatsApp kontakt te hâlden. It makket it mooglik om inoar oer mear dingen op ’e hichte te hâlden of om gewoan efkes by te praten. It wurdt ek handich neamd as it om buertfersiering en feestwike giet. Ik bin it der hielendal mei iens. Ik doch wat frege wurdt: It nûmer fan de buorfrou yn de WhatsApp sette, en mines mei de namme nei har ta appe. Sa kinne we as buert inoar op ’e hichte hâlde en faaks makket it dat we yn ’e tún en op strjitte noch mear te bepraten ha as oars.

Gondelfeart Balk (Us mem fan 4 ELKOAR)

Whatsappe, dat is fan dizze tiid. Ien ding sit ik lykwols wat mei. As we yn de buert mei-inoar prate, dan dogge we dat ornaris yn it Frysk en dat sil ek wol sa bliuwe. De briefkes wiene yn it Nederlânsk en dat kin aanst ek samar foar de WhatsAppkes jilde. Dat moat eins net. Wy witte dat in hiel protte berjochtsjes yn it Frysk skreaun wurde. Tink mar oan de Fryske Twitterdei. Dat soe foar ús buert ek jilde moatte. Foar wa’t dat lestich fynt, binne der hiele aardige helpmiddels, dêr’t men gjin wurk fan hat. Sjoch bygelyks efkes op Taalhelp.frl ûnder ‘Flaterfrij Frysk’ en ynstallearje op de smartfoan Gboard of SwiftKey en stel dy ek yn op it Frysk. As dat slagget, hast in toetseboerd mei autokorreksje foar it Frysk. Dat is nedich foar WhatsApp, mar ek foar oare sosjale media as Facebook, Twitter, mail en sa. Ik ha SwiftKey op ’e smartfoan stean en as ik typ: h j, dan sjoch ik hjoed al stean. Prachtich dochs!

Der binne wol mear mooglikheden, mar dizze is samar regele en men hat der fierder gjin omsjen nei. Wa’t lykwols net goed wit hoe’t Gboard of SwiftKey ynstallearre wurde moat, dy is fansels wolkom by SeniorWeb. Plakken en tiden binne te finen op: seniorwebzwf.nl. Dwaan en dêr hoege jo perfoarst gjin senior foar te wêzen. Wat de buert oanbelanget, ik ha al sein dat ik meidoch, mar ik WhattsApp fansels yn it Frysk.

Foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 10, 2019 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.