Aant Mulder: Begrutlik dat meilijen

septimber 24, 2019 07:28

Kollum

Ik sjoch geregeldwei op It Nijs. Dat sil jimme grif net fernuverje. Ik ha altyd aardichheid oan Opfrysker, de digitale opfolger fan de Taalspegel yn de Ljouwerter Krante. It giet der hieltyd om dat wat immen seit, gauris krekt wat Frysker sein wurde kin. Ornaris bin ik it wol iens mei wat oan ’e oarder steld wurdt en de Fryskere fariant dy’t foar kar nommen wurdt. Yn de Taalspegel waard dat aardich rjocht foar de fûst út dien. In mantsje stie foar de spegel, sei wat en krige it goede antwurd werom spegele. Dat waard ferbylde troch twa deselde mantsjes (Min Frysk en Geef Frysk), beide oan in kant fan de spegel. Foarbyld. Min Frysk sei: “Der sit speling yn it tsjil.” Geef Frysk: ”Ik tocht al, der koe wol romte op sitte.” Dy rubryk stiet net mear yn de krante. Der is om 1984 hinne wol in boekje Foar de taalspegel oer makke. Fan dat boekje kaam yn 1992 sels in twadde printinge út.

It Nijs set dy tradysje yn Opfrysker fuort. Kleuriger, boartliker, sa’t dat digitaal moai kin. De bedoelingen binne likegoed deselde. It is no alle kearen weroan in moai kleure plaatsje mei dêr twa koarte teksten yn. De tekst yn it read is net goed, dy yn it grien wol. Wy bliuwe skoalmasters. In foarbyld: “Jo moatte jin net fersinne,” mei as wjergader: “Mar men fersint jin wolris, fansels.” Dy beide koarte sintsjes steane yn in plaatsje mei de som fan 2 + 2 = 5. It wurdsje dêr’t it om giet is foar alle dúdlikens skeanprinte. Sa’t ik al sei, ik fyn it altyd aardich om te besjen wat se betocht ha. Dat bin ik ornaris daliks wer fergetten. Sa giet dat. Likegoed bleau de Opfrysker fan moandei 16 septimber my yn ’t ûnthâld hingjen. Dy fûn ik nuver. Ik sil besykje dat út te lizzen. Der stie: “Eltsenien hat medelijden mei him.” Dat waard feroare yn: “Meilijen helpst him net mei.” It giet my net iens om dat âldfrinzige ‘eltsenien’ dat yn dy tekst gewoan brûkt wurdt wylst de foarkarstavering al wer in skoftsje ‘elkenien’ oanjout. Dat hie fansels ek feroare wurde moatten. Nee, it giet my om dat ‘meilijen’.

Wat my oanbelanget, hiene se dêrom yn dy Opfrysker skreaun:
”It begruttet ús om him” of sa.

Hoe sa meilijen! As ik dat jonkje op dat plaatsje mei de knibbels troch de broek stean sjoch, dan begruttet my dat om dat jonkje. Ik wit hoe’t dat fielt. Ik ha de knibbels ek wolris troch de broek hân. Ik gean der fansels wol fanút dat dat jonkje fallen is. It hat lykwols alle kâns dat dat hielendal net sa is, mar dat dy gatten der gewoan yn knipt binne om’t soks moade is. Hawar, meilijen dus! Dat is geef Frysk. Dat wit ik wol. Likegoed twivelje ik en dêrom krij ik daliks it wurdboek derby. Dêr stiet bij ‘medelijden’ fansels gewoan: meilijen, meilydsum, meilijich. Hoe soe ’t ek oars. Der stiet lykwols mear. Dat ik sjoch daliks wol dat myn fernuvering dochs in reden hat. Der stiet ommers ek begrutsje (as earste). ‘Dat begruttet my.’ ’Dat is begrutlik’. Wat my oanbelanget, hiene se dêrom yn dy Opfrysker skreaun: ”It begruttet ús om him” of sa. Dat hie moaier west! Sa seine we dat doedestiden en no ek noch wol. Beide wurden (meilijen-medelijden) en (begrutsje -begroten) lykje yn it Frysk en it Hollânsk aardich opinoar. Dochs is dy lêste foarm my folle eigener. As ik sis dat it my om him/har begruttet, dan is dat mear as in gewoane meidieling, dan fiel ik suver wat ik sis.

‘Begrutsje’ is in tiidwurd dêr’t we likegoed in pear kanten mei út kinne. As jo ferbouwe of bouwe wolle en jo wolle witte hoe djoer oft soks wurdt, dat stelle jo in begrutting op. Yn in sin: It bouwen fan dat hûs wie begrutte op in goede hûnderttûzen. Dat is ien fan de kanten fan begrutsjen. As dat ferbouwen of bouwen te djoer wurdt, dan kin it jo begrutsje om der safolle foar del te tellen. Dat kin dus ek. De tredde mooglikheid rekket yn it Frysk oan pine en fertriet. It begrutte my om him wekker te meitsjen. Ik ha begrutsjen mei de stakkert. It begrutte my ta te teannen út. Ik kin der neat oan feroarje, mar it begrutte my wol. Dat begrutsjen, dat kinne we ek noch wol oars sizze.  Bygelyks: ‘It deart jin oan’ en ‘immen by it hert krije’. It komt yn alle gefallen net yn my op en brûk dan meilijen.

Om’t dat begrutsjen my sa eigen is, nim ik oan dat ‘begroten’ yn ’t Hollânsk itselde betsjut. Dat is likegoed net sa. Dêr wurdt mei ‘begroten’ eins allinne mar bedoeld dat it om it rûzen fan bedraggen giet, it foarriedich berekkenjen fan wurk en sa fierder. It Hollânsk hat ek it wurdsje ‘begrotelijk’. Dat liket dus op begrutlik. De betsjutting is yn ’t Hollânsk likegoed folle beheinder. Dêr stiet allinne mar: te duur in verhouding tot de waarde of it genot. It liket dêr allinne mar om jild te gean! Moai dat soks te uzes oars is! Hoewol, as ik fierder sykje en sels yn it Etymologysk Wurdboek fan it Nederlânsk bedarje, kom ik dochs noch in betsjutting tsjin dy’t tichteby dy fan ús komt ‘spijt hebben’. Yn in oar wurdboek stiet it dúdlik: begrotelijk, bijvoeglijk naamwoord, spijtig, verdrietig, meelijwekkend. Vgl. Fries bigreatlik. Ik kom ta de konklúzje dat it yn âlder Nederlânsk in gewoan wurd wie en dat dat no net allinne yn it Frysk, mar ek yn guon dialekten noch sa is. Dat komt faker foar.

It is my wol dúdlik. Ik kin better mar net sizze dat it my om dy jonge mei syn knibbels troch de broek ‘begroot’ of dat dat ‘begrotelijk’ is. Dan moat ik dochs mar ‘medelijden’ ha. Dat nimt net wei, dat it my yn it Frysk om him begruttet of dat ik it begrutlik fyn. Dat wurdsje moatte we deryn hâlde wolle. Dat ik hoopje meikoarten in Opfrysker te sjen dêr’t dat tiidwurd/eigenskipswurd kreas yn brûkt wurdt.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
septimber 24, 2019 07:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. L septimber 24, 08:25

    Zielig, ek sa’n wurd dat mei ham en gram oernaam wurdt, benammen troch bern. Dat fyn ik ‘begrutlik’ foar ús taal.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.