40e edysje Noardlik Filmfestival mei oade oan Pieter Verhoeff

septimber 25, 2019 07:46

It Noardlik Filmfestival fiert dit jier syn 40e edysje mei in bysûndere oade oan de Fryske regisseur Pieter Verhoeff, dy’t yn april yn ’e âldens fan 81 jier ferstoar. Op it filmfestival wurdt in grut part fan it oeuvre fan Verhoeff op grut doek fertoand. Hichtepunt is de fertoaning fan syn minysearje De vuurtoren út 1994.

Pieter Verhoeff ûntfangt oeuvrepriis op it NFF 2013 (foto: Afke Manshanden)

It like yn earste ynstânsje net te slagjen, fanwege in komplekse situaasje mei de rjochten, mar de fertoaning fan minysearje De vuurtoren op it Noardlik Filmfestival is dochs in feit. “Wy binne tige bliid dat it slagge is”, seit Fredau Buwalda, programmeur fan it festival. “It wie efkes spannend, mar wy hawwe alles op alles set. Sa hawwe wy kontakt socht mei safolle mooglik minsken dy’t eartiids meiwurken oan de searje. Mei troch harren entûsjasme kinne wy no dochs in bysûndere oade oan Verhoeff bringe. En terjochte, want Verhoeff is ien fan de wichtichste minsken yn de Fryske filmskiednis en in grut foarbyld foar makkers út it hiele lân. Leafhawwers krije no de kâns om syn oeuvre yn syn gehiel te belibjen. Al dat bysûndere wurk yn ien wykein. Dat is unyk.” Akteur Peter Tuinman, dy’t yn hast alle spylfilmproduksjes fan Verhoeff in rol spile, is ek bliid mei it inisjatyf. “Ik fyn it in bysûnder hertferwaarmjend en terjochte plan”, seit er. “Pieter Verhoeff wie ien fan de grutste persoanlikheden fan ús filmhistoarje en fertsjinnet in grut retrospektyf. Hy hat in yntinse rol yn myn karriêre spile.”

De vuurtoren wurdt op snein 10 novimber toand yn Stedsskouboarch De Harmonie. Foarôfgeand is der in live in memoriam. Troch middel fan fragminten en petearen mei bysûndere gasten wurdt weromsjoen op Verhoeffs karriêre as filmmakker.

Fiif klassikers op 35 mm
Neist De vuurtoren fertoant it Noardlik Filmfestival fiif bekende (moderne) klassikers fan Verhoeff. Dat bart op in tradisjonele 35 mm projektor dy’t foar de gelegenheid spesjaal ynstallearre wurdt. Het teken van het beest (1980), De dream (1985), Van geluk gesproken (1987), Nynke (2001) en De brief voor de koning (2008) wiene mei-inoar goed foar acht Gouden Keallen yn ferskate kategoryen. De orizjinele en foar in part konservearre 35 mm printen, ôfkomstich út de argyfkolleksje fan EYE Filmmuseum, binne te sjen op sneon 9 en snein 10 novimber yn it eardere Filmhûs Ljouwert.

Dokumintêres
De mearsidige Verhoeff makke neist spylfilms in stikmannich dokumintêres. Op it Noardlik Filmfestival binne dêr twa fan te sjen: Yn dat sykjen sûnder finen (2008) oer dichter Tsjêbbe Hettinga en Dwers & Tear (2014) oer Verhoeffs fêste komponist Cees Bijlstra. Verhoeffs ôfstudearwurk, Rudy Schokker huilt niet meer (1974), dat in protte besprutsen is, wurdt ek fertoand, tegearre mei de letter sketten koarte film Rudy Schokker Revisited (2008).

It Noardlik Filmfestival wurdt fan 6 oant en mei 10 novimber holden yn Ljouwert. Mear ynformaasje is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl.

septimber 25, 2019 07:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.