33 gadingmakkers foar boargemasterspost It Amelân

septimber 7, 2019 08:36

Trijeëntritich persoanen hawwe sollisitearre nei de fakatuere fan boargemaster fan It Amelân. Der reagearren 22 manlju en alve froulju.

Foto: Wikipedia/Simone – lisinsje CC BY-SA 3.0

Njoggen kandidaten binne tusken de fjirtich en fyftich jier âld, santjin tusken de fyftich en sechtich jier. Der reagearren fiif sechtichplussers. Fan twa kandidaten is de âldens net bekend. It grutste part fan de gadingmakkers is lid fan de VVD (10), folge troch in lokale partij (5), D66, FNP en GrienLinks (elts 4), 50+, PVV en de PvdA (elts 2), SP (1). Ien kandidaat is partijleas.

Nei alle gedachten kin de nije boargemaster yn jannewaris takom jier begjinne. Op it stuit is Gerard van Klaveren waarnimmend boargemaster op It Amelân.

De kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat nei oerlis en yn mienskiplikheid mei de betrouwenskommisje in seleksje út de sollisitanten makke. De betrouwenskommisje kriget alle sollisitaasjebrieven te sjen. De kommisje praat mei kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenterie, foarsjoen fan in konseptoanbefelling. De rie beslist úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean, en yn hokker folchoarder.

De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerrie folgje yn harren foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de rie. De Kroan beneamt dan de nije boargemaster by Keninklik Beslút.

septimber 7, 2019 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.