30 jier Master Frankeskoalle – Gearwurkingsskoalle

septimber 29, 2019 09:20

Dit jier bestiet de Master Frankeskoalle tritich jier. De Master Frankeskoalle yn Earnewâld wie de earste formele gearwurkingsskoalle fan Nederlân. De skoalle hat dat fierd troch in moanne lang mei de learlingen keunst te belibjen. Tongersdei 26 septimber koene de learlingen moarns genietsje fan in gûcheler en jûns wie de skoalle ynrjochte as museum. De learlingen hawwe de selsmakke keunst oan âlden, paken, beppen en doarpsbewenners sjen litten.

Foto: Chris van Hes

Histoarje
It konsept fan gearwurkingsskoalle is tritich jier lyn berne út needsaak, om’t de skoalle yn Earnewâld oars sletten wurde moast fanwegen te min bern. Foar 1989 besochten bern fan foarstanners fan iepenbier ûnderwiis de skoalle yn Earnewâld, wylst de bern fan foarstanners fan kristlik ûnderwiis yn Aldegea les krigen. Om de skoalle iepen te hâlden wie it sadwaande needsaak om alle doarpsbern yn Earnewâld nei skoalle gean te litten. De Earnewâldsters hawwe harren dêrom feriene yn in kommisje fan seis leden; ‘de kommisje fan seis’. Dêr namen trije fertsjintwurdigers fan beide libbensoertsjûgingen sitting yn. Nei gâns petearen, mei ûnder oare it doarp en de gemeente, waard yn augustus 1989 de earste formele gearwurkingsskoalle fan Nederlân oprjochte, ûnder lieding fan Harm de Vlas en Ant Koning.

Gearwurkingsskoalle
Hjoed-de-dei is it begryp gearwurkingsskoalle rûnom bekend. Tritich jier lyn wie it konsept lykwols nij, in skoalle dêr’t sawol de iepenbiere as de kristlike libbensoertsjûgingen ûnder ien dak mei-inoar ûnderwiis krigen, wie likernôch unyk. Sa unyk sels dat der apart foar dizze skoalle in wetswiziging yn de Wet op it Primêr ûnderwiis oan te pas kaam om it konsept mooglik te meitsjen. De ûntwikkelingen waarden dan ek mei in soad oandacht folge, want wat der him yn Earnewâld ôfspile wie gauris ûnderdiel fan de aktuele diskusjes yn it Nederlânske ûnderwiis fan doe: frijheid fan ûnderwiis, skaalgrutte, bekostiging en bestjoersfoarmen.

De skoalle is dêrom oprjochte as in saneamde ‘ienpitter’. De Master Frankeskoalle falt net ûnder in skoalferiening, mar wurdt bestjoerd troch in bestjoerskommisje fan seis leden en twa adviseurs. Dy bestjoerskommisje krewearret foar in deeglik finansjeel belied en set de strategyske plannen út. Foar de deistige gong fan saken is in direkteur oansteld.

Tsjintwurdich
Hoewol’t in ienpitter altyd te krijen hat mei de útdagingen fan lytsskaligens hat de Master Frankeskoalle de kwaliteit fan ûnderwiis op oarder en fiert er in sûn finansjeel belied. De trijetalige skoalle telt op dit stuit 64 learlingen en is groeiende. Yn ’e mande mei de opfangpartners kin yn Earnewâld in foarsjenning foar bern fan nul oant tolve jier realisearre wurde. Hoewol’t earder neamde tema’s hjoed-de-dei noch altyd oan ’e oarder binne yn ûnderwiislân, hat de Master Frankeskoalle him stevich fêstige yn it systeem, trochdat âlders op grûn fan akseptaasje in eigen oplossing makke hawwe.

Namme
De skoalle is ferneamd nei Master Douwe Franke. In tige wurdearre lid yn de Earnewâldster mienskip. Douwe Franke hat jierrenlang skoalhaad west oan de foarrinner fan de gearwurkingsskoalle en wie in natuerleafhawwer. Hy skreau dêr gauris oer yn de Ljouwerter Krante ûnder de neamer: ‘it Fjild yn mei..’.

septimber 29, 2019 09:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.