Stúdzjemiddei wijd oan Piet Post

septimber 24, 2019 10:54

Dit jier is it hûndert jier lyn dat de oargelist, dirigint en komponist Piet Post berne waard (Amsterdam 8 april). Hy waard yn 1949 folge er George Stem op as oargelist fan de Grutte of Jakobinertsjerke en as dirigint fan Toonkunstkoor Concordia, beide yn Ljouwert.

Piet Post

Post hat in grutte ynfloed hân op it muzyklibben yn Ljouwert en Fryslân en as komponist yn it hiele oargellân. Hy waard ek muzykdosint oan de ûnderwizersopliedingen yn Ljouwert en Dokkum en yn 1970 dosint oan it Gemeentlik Muzykynstitút Ljouwert, de lettere Muzykpedagogyske Akademy. Hy stoar yn 1979.

De ôfdieling Fryslân fan de Keninklike feriening fan oargelisten en tsjerkemusisy (KVOK) wijt syn kommende stúdzjemiddei op sneon 12 oktober oan Piet Post. Leden en eventuele oare belangstellenden spylje dan wurken fan Post en syn tiidgenoaten op twa fan de trije oargels dy’t Post yn Ljouwert bespile hat: dat fan de Opstanningstsjerke en de Fonteintsjerke.

Wa’t in stik spylje wol moat dat foar 10 oktober efkes oan de skriuwer, Jelle Rollema, (0515) 52 12 61 / j.rollema@planet.nl, trochjaan. Elkenien dy’t der niget oan hat om te harkjen is ek tige wolkom.

Foar mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei Rollema.

septimber 24, 2019 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.