Ynternasjonaal Fersâltingskongres Ljouwert

augustus 9, 2019 08:52

Fan tiisdei 10 oant en mei freed 13 septimber wurdt it ynternasjonaal kongres Saline Futures Conference holden. Goed 200 saakkundigen fan oer de hiele wrâld sille dan ûnderfiningen oer de fersâltingsproblematyk yn de lânbou útwikselje. Foar it earst wurdt dat dien mei it each op oplossingen foar it tanimmen fan it fersâltsjen fan de lannen om de Waadsee en de Noardsee hinne.

It heger wurden fan de seespegel, it sakjen fan de boaiem en it faker foarkommen fan perioaden fan drûchte meitsje dat aloan mear lannen lêst krije fan sâltere (lânbou)grûn. It sil op it kongres dan ek gean oer sâlte lânbou as in wize fan oanpassen oan dy klimaatferoaring. Dêrby is te tinken oan swietwetterbehear yn potinsjeel sâlte boaiems, sûn meitsjen fan troch sâlt oantaaste gebieten, ekonomy en finansiering fan gewaaksen en produkten.

In wichtich doel fan it kongres is dat lannen om de Noard- en de Waadsee hinne leare fan lannen dy’t al langer lêst fan it fersâltsjen hawwe. Ekperts út ûnder mear Australië, Bangladesh, Senegal en de Feriene Steaten diele kennis fan en ûnderfining mei ûnderwerpen lykas gewaaksen mei in grut ûnthjit, sâlt-swietwetterbehear, belied en ynnovaasje mei praktykûnderfining.

De tiisdeis en woansdeis binne der lêzingen, seminars en praktykfoarbylden te sjen op de ynformaasjemerk. Tongersdeis en freeds binne der ekskurzjes nei Teksel, Skylge en Emden (D).

It inisjatyf fan it kongres leit by de Waadakademy. It makket diel út fan Interreg-project SalFar (Saline Farming). Dêr wol de provinsje Grinslân mei projektpartners út sân lannen om de Noardsee hinne oplossingen fine foar it neamde probleem.

Boekpresintaasje Grûnwetteratlas fan Fryslân
De ynformaasjemerk sil iepene wurde mei it presintearjen fan it earste eksimplaar fan Grûnwetteratlas fan Fryslân troch de Fryske deputearre Hoogland. De atlas fettet trije jier ûndersyk nei it Fryske grûnwettersysteem gear. Op it kongres wurdt dat troch ien fan de ûndersikers taljochte.

Saline Futures Conference wurdt holden yn Van Hall Larenstein.

 

augustus 9, 2019 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.