Wrâldwiid neame Nederlanners measte ferfolchopliedings op cv

augustus 4, 2019 10:32

Nederlânske wurksikers fermelde wrâldwiid it heechste tal ferfolchopliedings op harren cv. Nederlanners binne – by it meitsjen fan it cv – op Europeesk nivo ek it sterkst yn it beneamen fan it tal kursussen. Dat docht bliken út ûndersyk fan tsjinstferliener CVster, dat tsientûzenen cv’s út 39 lannen analysearre.

Ofbylding: pixabay.com

Nederlanners koprinners yn fermelden fan ferfolchopliedings
Nearne op ’e wrâld wurde sa folle ferfolchopliedings (nei de middelbere skoalle) beneamd op it cv as yn Nederlân. Op in trochsneed cv fan in Nederlânske sollisitant stean nammentlik 1,4 ferfolchopliedings fermeld. Dat is gâns heger as it wrâldwide trochsneed fan 0,96 en it Europeesk trochsneed fan 0,99.

It tal beneamde ferfolchopliedings leit wrâldwiid it leechst yn Nigeria (0,75). Yn Europa wurdt it leechste tal opliedings fermeld yn Albanië (0,77), Servië (0,78) en Oekraïne (0,79).

Kursussen faak fermeld yn Egypte
Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat wurksikers út Egypte kursussen it faakst fermelde op it cv. Op in trochsneed Egyptysk cv wurde nammentlik 0,62 kursussen beneamd. Dat is hast twa kear safolle as it wrâldwide gemiddelde fan 0,32 kursussen op it cv.

By it fermelden fan kursussen op it cv ‘skoart’ Nederlân net min. Nederlânske wurksikers fermelde yn trochsneed 0,5 kursussen op harren cv. Dat komt del op ien kursus op twa cv’s. Nederlân stiet dêrmei op it earste plak op de Europeeske ranglist. Wrâldwiid stiet Nederlân wat kursusfermeldings oanbelanget op in fyfde plak.

Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te finen.

augustus 4, 2019 10:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.