Wer Noard-Frysk alvetal by fuotbalkompetysje Europeada

augustus 16, 2019 13:15

De Europeada is in ynternasjonale fuotbalkompetysje, net foar lannen, mar foar lytse taalgebieten. De fjouwerjierlikse amateurkompetysje sil yn 2020 wêze yn de Eastenrykske regio Karintië. Der docht dan lykas foarige kearen ek wer in alvetal mei dat bestiet út sprekkers fan it Noard-Frysk.

De organisator is de FUEN, in organisaasje dy’t opkomt foar lytse talen en folken yn Europa. Dy docht te witten dat der 32 taalgroepen meidogge. By de foarige edysje, yn 2016, wûn it organisearjende tiim fan de Dútsktalige Italianen út Súd-Tirol.

It toernoai kriget syn beslach fan 20-28 juny 2020 oan de Klopeiner mar.

By de manlju dogge yn 2020 mei:
– Súd-Tirolers (Dútsktalige regio yn Italië)
– Ladiniërs (Italië)
– Retoromanen (Switserlân)
– Sorben (Dútslân)
– Dútsktaligen út Ruslân
– Oksitanen (Frankryk)
– Slovenen (Eastenryk)
– Kroäten (Eastenryk)
– Pomakken (Bulgarije)
– Deensktaligen (Dútslân)
– Noard-Friezen (Dútslân)
– Roma (Hongarije)
– Dútsktaligen (Hongarije)
– Slowaaksktaligen (Hongarije)
– Serben (Kroätië)
– Dútsktaligen (Poalen)
– Hongaarsktaligen (Roemenië)
– Aromenen (Roemenië)
– Kroäten (Servië)
– Tsimbrysktaligen (Italië)
– Slovenen (Italië)
– Hongaarsktaligen (Slowakije)
– Krimtataren (Oekraïne)

By de froulju dogge mei:
– Kornysktaligen (Feriene Keninkryk)
– Súd-Tirolers (Dútsktalige regio yn Italië)
– Ladiniërs (Italië)
– Retoromanen (Switserlân)
– Sorben (Dútslân)
– Dútsktaligen út Ruslân
– Oksitanen (Frankryk)
– Slovenen (Eastenryk)

Mear ynformaasje oer de Europeada is hjir te finen.

augustus 16, 2019 13:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.