Wâldsein pakt út yn Monumintewykein

augustus 18, 2019 09:45

Wâldsein stiet in hiel wykein lang yn it teken fan Iepen Monumintewykein. Op sneon 14 septimber stiet de feestlike jubileumfiering fan 300 jier houtseachmûne De Jager sintraal. Op snein 15 septimber wurdt it jierliks evenemint Monuminten, Muzyk en Mear holden mei it amateurmuzykfestival Muzyk oan it Wetter.

Foto: Wâldsein Promoasje

It hiele wykein binne alle mûnen, tsjerken en oare monuminten iepen foar besichtiging. Nij is de besichtiging fan in unike en folslein restaurearre 18e-iuwske kapteinswente. Mei de alvestegetocht en fartochtsjes kin histoarysk Wâldsein ûntdutsen wurde mei de ferhalen oer de âlde gebouwen, stegen en strjitsjes.

Fierder is der in keunst- en streekmerk mei fiskrikkerijen, in berneplein mei attraksjes en berneteater InkiPinki. In treintsje rydt wer as Monuminte-ekspres troch Wâldsein. Fêst ûnderdiel is it Farren mei Ferhalen mei ferteller Mindert Wijnstra. De gesellige Midstrjitte wurdt wer optúgd mei in bernefrijmerk en ferkeap út histoaryske gebouwen wei.

Foto: Wâldsein Promoasje

Tagong en parkearje
Alle aktiviteiten yn it wykein binne fergees tagonklik. Mei it each op de ferwachte belangstelling foar beide dagen wurdt advisearre de parkearferwizing oan beide tagongswegen nei it doarp goed te folgjen. Oan beide kanten fan it doarp is deunby it sintrum genôch parkeargelegenheid.

Mear ynformaasje fia www.woudsendonline.nl en woudsendpromotie@gmail.com.

augustus 18, 2019 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.