Waarpraatsje: Yn it wykein waarm oant tige waarm.

augustus 23, 2019 18:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in waarme freed, mei dochs ek wol wat bewolking, sil it sneon en snein noch waarmer wurde.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. De eastewyn is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 14 graden.

Sneon skynt de sinne hast de hiele dei. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 23 en 27 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waarme simmerwaar. Der is, nei alle gedachten, in bytsje minder sinne en en by in swakke súdeastewyn wurdt it tusken de 24 en 28 graden.

De earste dagen fan takommende wike bliuwt it simmer, mar letter wurdt it minder waarm en nimt de kâns op delslach ta.

Jan Brinksma

augustus 23, 2019 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.