Waarpraatsje: Tige waarm

augustus 24, 2019 21:41

Kop Bloksleat (tusen Snits en De Jouwer). Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige waarme sneon (Ljouwert 28,8 en Starum 29 graden) mei in soad sinne, bliuwt it foarearst simmer.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein is it helder. By in swakke noardeastewyn leit de temperatuer om de 14 graden hinne.

Snein skynt de sinne wer de hiele dei. Der is in lytse kâns op wat hingelwolken. De swakke wyn komt út it easten en letter út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de 25 en 30 graden.

Moandei feroaret der hast neat oan it waarme oant tige waarme simmerwaar. By in swakke eastewyn wurdt it op ‘e nij hast 30 graden.

Tiisdei en woansdei is ek noch (tige) waarm.

Jan Brinksma

augustus 24, 2019 21:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.