Waarpraatsje: Sneon rûch, snein in stik rêstiger

augustus 9, 2019 17:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in minne freed mei sa út en troch rein en ek flinke buien krije wy in rûge sneon mei in soad wyn. Snein wurdt it waar in stik freonliker.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. In bui is net hielendal útsletten. De sude- oant súdwestewyn is matich. By de kust lâns hellet de wyn oan oant hurd. It wurdt 16 graden.

Sneon sil de sinne sa út en troch te sjen wêze, mar der kin ek in inkelde bui falle. It wurdt in rûge dei mei in frij krêftige oant krêftige sude- oant súdwestewyn. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in hurde oant stoarmige wyn. Der is yn de hiele provinsje boppedat kâns op (swiere) wynstjitten. Dochs leit de temperatuer om de 23 graden hinne.

Snein sjocht it waar der in hiel stik rêstiger út. It bliuwt sa goed as drûch, de sinne skynt sa út en troch en mei 22 graden is it noflik simmerwaar.

Takomme wike is it ritich en wurdt it ek wat minder waarm.

Warskôging: Eltsenien, mar foaral wettersporters, moat sneon rekken hâlde mei in soad wyn en kâns op wynstjitten!

Jan Brinksma

augustus 9, 2019 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.