Waarpraatsje: Simmerske tiisdei

augustus 5, 2019 18:36

Yn Wâldsein. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze moandei mei op guon plakken in bui, sjocht it der foar tiisdei ek goed út.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is de loft berûn. De súdwestewyn is swak, by de kust lâns matich oant frij krêftich. It wurdt 15 graden.

Tiisdei is der sinne, mar ek hege bewolking. De wyn komt út it súdwesten en is matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 23 graden hinne.

Fan woansdei ôf feroaret der net folle. It bliuwt in bytsje ritich mar wol nofilik simmerwaar.

Jan Brinksma

augustus 5, 2019 18:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.