Waarpraatsje: Simmer fier fuort

augustus 13, 2019 19:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in ritige dei mei in tal buien, bytiden ek mei tonger. It bliuwt foarearst ritich. Noflik simmerwaar is net oan ’e oarder.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei binne der flinke opklearringen, mar in bui is net hielendal útsletten. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in matige westewyn. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Woansdei binne der hingelwolken, mar de sinne is sa út en troch ek te sjen. Der is noch hieltyd kâns op in bui(ke). By in matige súdwestewyn wurdt it 19 graden.

Nei woansdei bliuwt it ritich mei op de measte dagen wol kâns op (wat) rein.

Jan Brinksma

augustus 13, 2019 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.