Waarpraatsje: Simmer!

augustus 22, 2019 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze tongersdei bliuwt it wol hast in wike folslein simmersk waar. It wurdt boppedat waarm.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder. By hast gjin wyn leit de temperatuer om de 10 graden hinne.

Freed skynt de sinne hast de hiele dei, mar der is sa út en troch wol wat hege bewolking. De swakke wyn komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de 22 en 25 graden.

It wykein sjocht der poerbêst út. It wurdt sels noch wat waarmer.

Jan Brinksma

augustus 22, 2019 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.