Waarpraatsje: Ritige tongersdei

augustus 14, 2019 17:51

Rysterbosk. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze woansdei is it tongersdei wer ritich, mar it sil wis net de hiele dei reine.

Woansdeitejûn en yn ‘e nacht op nei tongersdei set it op in reinen. De wyn giet yn ‘e nacht nei it súdwesten en is swak oant matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt 14 graden.

Tongersdei kin der earst noch (wat) rein falle, mar geandewei wurdt it drûch en sil de sinne grif ek noch efkes te sjen wêze. De wyn giet fan it súdwesten nei it westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.

Oant en mei it wykein bliuwt it ritich mei in graad as 20.

Jan Brinksma

augustus 14, 2019 17:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.