Waarpraatsje: Ritich en ûnder de 20 graden

augustus 11, 2019 19:47

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – In wie in hiel rûzich mar net kâld wykein. Foaral sneon gie it der omwei. Troch de hurde wyn wie der rûnom yn de provinsje stoarmskea. De brânwacht hie de hannen fol oan it opromjen. Wy krije no in ritige wike mei temperatueren ûnder de 20 graden.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Yn ‘e rin fan ‘e nacht is in bui net útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 14 graden.

Moandei is de loft berûn en falle der inkelde buien, miskien wol mei tonger, heil en wynstjitten. De matige wyn komt út it súdwesten en letter út it westen. De temperatuer leit om de 19 graden hinne.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ek net drûch en hellet de temperatuer de 20 graden net mear.

Jan Brinksma

augustus 11, 2019 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.