Waarpraatsje: Oanhâldend simmersk, mar wol wat ritich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze tiisdei bliuwt it dizze wike simmersk, mar it sil net alle dagen drûch wêze.
Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft foar it grutste part berûn. It bliuwt, nei alle gedachten, drûch mar hielendal wis is dat net. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. It wurdt 15 graden.
Woansdei is de loft berûn mar de sinne sil sa út en troch ek te sjen wêze. Der kin in bui falle, miskien wol mei tonger. De matige wyn giet yn ‘e neimiddei nei it westen. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in frij krêftige wyn. De temperatuer leit om de 22 graden hinne.
Tongersdei sjocht it waar der ek wer kreas út.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje